Reüny Doarpsbelang Hartwert

Utnoeging


Jubileum 100 jier Doarpsbelang en 75 jier Feestkommisje Hartwert

Bêste Hartwerters, âld-Hartwerters en belangstellenden,

De feriening foar Doarpsbelang Hartwert bestiet yn 2023  100 JIER en de Feestkommisje 75 jier. Graach wolle wy dit mei jim as ynwenners, âld-ynwenners en leden fan de Hartwerter ferienings fiere.

Wy noegje elkenien dan ek fan herte út om op:

     Sneon 16 septimber 2023

nei ús doarpke ta te kommen en foar ien dei it paad werom te gean. Der sil dizze dei in soad romte komme foar byprate en oantinkens ophelje. En it wurdt fansels in grut feest.

It programma sjocht der sa út:

10.00 Untfangst yn ‘e tinte op ‘e Terp mei kofje en gebak. Wolkom troch de foarsitter. Untbleating oantinken 100 jier doarpsbelang. Tiid foar sprekkers.

12.30   Kofjetafel: sop en broadsjes

14.00   Middei programma

Spultsjes foar jong en âld by de tinte. Soms moatte je yn it libben ris in gokje weagje. Kom dêrom nei de reüny en en gok op it goede. Wa wit hat it dan ek noch in heech knuffelgehalte!

Op eigen gelegenheid rûngong troch it doarp lâns attraksjepunten: foto tentoanstelling, útstallings yn it Terphûs, bernehoekje mei skatgrave yn in XXL grutte sânbak. Of mei in pendelbuske troch it Aldekleaster. Hjir sil û.o. it nij oanleine Belibbingspunt/Monumint te sjen wêze. It monumint is in fan kleastermoppen opboud finster mei in glêsgravuere wêryn it eardere kleaster gravearre is.

Promo video makke troch Steven de Jong oer it Belibbingspunt Blomkamp

18.00   Rinnend buffet (waarm).

Jûnsprogramma:

20.00 Kabaret SHOW ûnder lieding fan teaterskriuwer en akteur Folkert Sijbrandij.

21.30 Offisjele sluting en tankwurd.

21.30 Live-muzyk fan dè bekende Fryske coverband Deadline! Lit jim ferrasse en dûnsje meielkoar de jûn út!

OPGAVE FORMULIER Opjaan foar de reüny kin troch it OPGAVE FORMULIER te iepenjen fia de link: https://forms.gle/pjzWbfKRrLotALT26 Op it formulier steane de oanmeld mooglikheden foar de dei en/of jûn ynkl. de kosten en betelgegevens. Mail it opgave formulier foar 1 juny werom! Oer de post ferstjoere kin nei: J. Bouwstra, Aldekleaster 8, 8741KC Hartwert.

Hjir alfêst de programma’s mei de kosten en betelgegevens:

TOTAALPROGRAMMA (kofjetafel/buffet/jûnsprogr.): € 50,00 p.p.

BERNE-PROGRAMMA (oant 12 jier): fergees

TOTAALPROGRAMMA (12 oant 18 jier): € 25 p.p.

(INKELD)JUNSPROGRAMMA: € 17,50 p.p.

Opgave en betelling foar 1 juny 2023! Bankrekkeningnûmer: NL82 RABO 0308 7816 86 o.n.f. Feriening foar Doarpsbelang Hartwert û.f.f. Reuny 2023, postkoade en hûsnûmer.

Parkearje kin yn it lân oan de Kleasterwei oan de râne fan it doarp rjochting Burchwert.

Hooplik moetsje wy inoar op 16 septimber 2023 yn ús doarpke dêr’t de flagge op it klokhús jim fan fierens wolkom hjitte sil.

Mei in hertlike groet fan de reünykommisje doarpsbelang Hartwert.