Klokkenluidersgilde “De Galm”

Yn 1970 binne de hartwerters opholden mei it “tijdluiden”. Yn 1997 is dit stikje folklore werom kommen yn Hartwert. It klokkeliedersgilde “de Galm” waard oprjochte mei as doel de klok wer faker te lieden. Sa wurdt de klok alle earste dagen fan de moanne om 12 oere let. Dêrneist by de doarpsfeesten en spesjale dagen. Op fersyk kin der let wurde by berte’s, stjergefallen en jubilea. Fêste klokliedster is Geartsje karsten mei as reserves Sijke Kooistra, Bouwe Bouma en Wiebe de Jong.

Foar info klokkeliedersgilde:
Geartsje Karsten – til. 569758