

Foto’s Dorpsfeest Hartwerd 2025
Om de foto’s van het dorpsfeest te bekijken: klik op deze link

Foto’s Jubileumfeest 2023
Dorpsbelang 100 jaar – Feestcommissie 75 jaar!
Klik op onderstaande link om toegang te krijgen tot de foto’s.
https://photos.app.goo.gl/xN1pyv8k5jKuDiYZ8
Spultsje ‘BLOKJE OM’ september 2023
In wurkgroep út Hartwert hat in selskipsspul makke: nammentlik Blokje om.
Dit spul is ynspirearre troch it spul Carcasone, it wurdt foar ien kear útjûn ta gelegenheid fan it 100 jierrich jubileum fan de feriening fan Doarpsbelang Hartwert. Dus yn’t foarste plak foar Hartwerters, âld Hartwerters en oare belutsenen, mar ek foar elkenien dy’t fan Fryslân en Hartwert hâldt en mear oer de skiednis fan doe en hjoed de dei leare wolle.
De griene greiden, it wetter, de kleasters, de slachtediken, de húzen, fonteinen en bisten wiene de ynspiraasjeboarne om dit spul te meitsjen. En om’t Fryslân rûnom bekind stiet om syn wetter en marren, is it spultsje yn akwarelferve útbylde.
Wa dit spultsje graach hawwe wol, kin it fia ûndersteande QR koade bestelle.


Iepening Belibbingspunt Aldekleaster juni 2023

Der’t de sinne heech oan ‘e loft stie en de bûnte skiep sa fredich weiden, dêr yn it Hartwerter Aldekleaster waard op sneon 10 juny it Belibbingspunt Aldekleaster iepene. In ynformaasjepunt mei in monumint dat it ferhaal fertelt fan it rom 400 jier lange bestean fan it kleaster Blomkamp (1191-1580).
Yn oanwêzichheid fan rom 90 besikers iepene Pyt Jaarsma, foarsitter fan de Stifting Monumint Aldekleaster de byienkomst. Tegearre mei prof. Hans Mol ûntbleaten hja in monumintsje fan stiennen dy’t noch út it kleaster komme. Dêryn komt noch in glêsplaat, dêr’t jo it kleaster wer troch lizzen sjogge op it plak dêr’t it stien hat. Dat de glêsplaat noch net levere wie, is spitich mar mei it byldzjend kleasterferhaal hjir op lokaasje koe Hans Mol de tahearders in goede yndruk jaan fan de kleasterbewenning ek yn relaasje mei de skiednis fan Fryslân. Hielendal byldzjend waard it doe’t abt Theodurus (Titus Hettinga) mei in fluitspyljende muonts (Bernard Visser) del kaam om it monumint yn te segenjen. De wize abt wist ek te fertellen wêrom’t it glês noch net levere wie: hjir hiene de fetkeapers grif de hân yn hawn. Nei in moaie taspraak en in ludike ynseging fan it monumint, betanke de foarsitter de oanwêzigen. Alle gasten krigen in oantinken mei yn de foarm fan it boekje ‘It Aldekleaster by Hartwert’ skreaun troch Sijke Kooistra. It is in fraai boekje oer de skiednis fan it kleaster mei dêryn in kaartsje fan de Aldekleaster kuierrûte dy’t û.o. lâns it nije monumint fiert. It boekje is foar in elk dy’t nijsgjirrich is nei de kleasterskiednis te krijen foar € 2,– troch te mailen nei belevingspunt.bloemkamp@gmail.com en de opbringst is foar it ûnderhâld fan it Belibbingspunt.

Zie https://hartwerd.com/stifting-monumint-aldekleaster/ voor foto’s!
N.B. De glasplaat in het venster zal op 29 juni worden gemonteerd.
Foto’s Dorpsfeest Hartwerd 2025 Thema Mexico
Om de foto’s van het dorpsfeest te bekijken: klik op deze link
Simmer yn Fryslân
In 2020 heeft Omrop Fryslân een tour door Friesland gedaan van 8 weken. Tijdens deze tour is Hartwerd één van de dorpen geweest waar ze langskwamen. Simmer Yn Hartwerd – Klik hier voor de link
Nieuws Belevingspunt Bloemkamp
Uitreiking cheque Rabobank Coöperatiefonds t.w.v. 2.500 euro door Pep de Boer aan Hylco Bouwstra in het informatiepunt van Bloemkamp. Namens het stichtingsbestuur hartelijk dank voor de steun van de Rabobank voor het oprichten van het belevingspunt Bloemkamp!
De Nacht fan Hartwert
Klik voor de foto!
Verslag Vlees en Zuivelpartij
Zuivel en Vleespartij Hartwert. Dizze partij soe op 22 augustus hâlden wurde, mar de waars foarútsichten wiene foar dy deis poermin, allegear rein wetter. De plassen stiene op it fjild en it hie ek net kinnen. De partij waard útsteld nei de sneins op 29 augustus. Dizze partij waard sponsere troch feeboer Hendrik Galema en…
Foto’s Hartwerder Feesten 2021
Klik op onderstaande link om toegang te krijgen tot de foto’s. https://photos.app.goo.gl/u28oKoRSRFK9v9Sh7
Een ‘Friese’ beveiliger in de Tour
De mannen in de groene poloshirts horen bij de beveiliging van de Tour de France. Eentje heeft een bijzondere band met Nederland, en het Friese Hartwerd in het bijzonder (Bron: NOS). https://nos.nl/video/2184562-een-friese-beveiliger-in-de-tour.html