Verslag Vlees en Zuivelpartij

Zuivel en Vleespartij

Hartwert. Dizze partij soe op 22 augustus hâlden wurde, mar de waars foarútsichten wiene  foar dy deis poermin, allegear rein wetter. De plassen stiene op it fjild en it hie ek net kinnen. De partij waard útsteld nei de sneins op 29 augustus. Dizze partij waard sponsere troch feeboer Hendrik Galema en feekeapman Gerrit Jan Duiven. Der hiene harren 10 partoern opjûn en sa koe der poule keatst wurde yn in A en B klasse. It waar wie wat snústerich en om 11 oere koe elkenien los, allinne moast der wachte wurde op Suus Hettinga, hja hie har fersliept en kaam in kertier te let it fjild op en foar har maten wie it te hopen goed útsliept.

Yn de B klasse wiene der twa poules mei trije partoeren.  Yn de 1e omloop fuort en daliks twa partijen mei 5-5- gelyk. Tom Cuperus mei Jeanne Galema en Geartsje Karsten wûnen it nei in gelyk opgeande striid mei 5-5 en 6-4 nipt fan Jouke Haijtema, Suus Hettinga en Geertje Hannema. Jikke Algra, Auke Boschma en Minke Sandstra stiene elke kear in earst efter en ferlearen it mei 5-5 en 0-6 fan Johan v/d Zee, Janke Hiemstra en Sijke Kooistra. Yn de twadde omloop lieten Jikke, Auke en Minke harren tsjinstanners Kim Mollinga, Anke Zwaagstra en Taeke Kooistra net oan goed keatsen takomme en wûnen it rom mei 5-2 en 6-2.  Jouke en syn dames gunden harren tsjinstanners Jacob Strikwerda, Tryntsje Bouma en Annie Duiven eins gjin earst oan de tillegraaf it wie samar 5-0 mar  de lêsten wisten der mei pine en muoite dochs noch in spul oan de tillegraaf te krijen. Hja ferlearen it dus mei 5-2 en 6-2. Johan, Janke en Sijke makken yn harren twadde partij tefolle fouten en Kim, Anke en Taeke begongen hieltiten better te keatsen en wûnen it mei 5-3 en 6-6. Yn de oare poule kamen Jacob, Tryntsje en Annie pas goed los yn harren 2e partij en dêr wiene Tom, Jeanne en Geartsje sa fan ûnder  de yndruk en makken no sels te folle fouten en ferlearen de partij mei 5-1 en 6-6.

Yn de finale kamen Jikke, Auke en Minke te stean mei 11 behelle earsten tsjin Jouke, Suus en Geartsje dy’t ek 11 earsten behelle hiene. Ja Suus wie goed útsliept al kearde hja ien kear in bal fan har eigen maten, mar dat wie har gauw ferjûn, want fierders gong it poerbêst mei dit partoer. Geartsje oan de opslach, Jouke foaryn en op de boppe en Suus efteryn en foar minst op. Jikke, Auke en Minke hiene net folle yn te bringen, al diene hja noch sa harren bêst, se ferlearen it mei 5-2. De krânsen wiene  hjoed dik fertsjinne troch Jouke, Suus en Geartsje.

Yn de A klasse ien poule mei 4 partoer en yn elts partoer siet in frou. Dat der prachtich keatst waard bliek wol út de útslagen. Want nei 2 omlopen  hie elts partoer ien partij ferlern en ien wûn. Der waard fliegend troch de dames foar bêst opslein, mar de perkspilers koene der ek wol wat fan, gauris bedarre it baltsje yn’t stikje lân efter de garaasje fan Pyt Jaarsma. Michelle Bruinsma, Gerrit Jan Duiven en Thys Strikwerda wûnen mei 5-4 fan  Eline van Dijkhuizen, Sjoerd Teake Kooistra en Gert Jan Bootsma en dit partoer pakten Rejan Okkema, Frans Bekema en Julian Faber wer mei 5-2.

Johanna Atsma, Hielke v/d Gaast en Hendrik Bouwhuis hiene Michelle, Gerrit Jan en Thys pakt yn de 2e omloop mei 5-5 en 6-0, mar hiene harren 1e partij ferlern mei 5-2 fan Rejan Okkema, Frans Bekema en Julian Faber. Yn de 3e omloop hiene Michelle, Gerrit Jan en Thys de bêste pepieren mei 11 behelle earsten, nipt folge troch Eline, Sjoerd Teake en Gert Jan mei 10 earsten. Beide partoeren wûnen harren 3e partij ek mar it ferskil bliuwde ien punt en sa wiene de krânsen foar Michelle, GerritJan en Thys.

Foar de winners  manden fult mei súvel en fleis produkten.

A klasse: 1e priis Michelle Bruinsma, Gerrit Jan Duiven en Thijs Strikwerda.

                2e priis Eline van Dijkhuizen, Sjoerd Teake Kooista en Gert Jan Bootsma

B klasse: 1e priis Jouke Haitema, Suus Hettinga en Geertje Hannema.

                 2e priis Jikke Algra, Auke Boschma en Minke Sandstra.

Dit wie de lêste ledenpartij organiseard troch K.F “Spui yn ‘e Want” Hartwert fan it seizoen 2021 en takomme wike folget op snein 5 septimber noch it Pearkekeatsen, de ôfslúter fan wer in moaie keatserij op de Hertslach yn Hartwert.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s