Troch it yndykjen en it oanlizzen fan de polders moast wol it wetter fan it lân. It âldste wurkstik foar de bemealling is de wynmole, dy’t rûnom 1600 syn yntree die yn it Fryske lânskip. By de mole-telling fan 1811 die bliken dat der yn Wûnseradiel 222 wettermolens wiene, wêrfan 48 mei in skeprêd. Letter binne de molens foar in part ferfongen troch wyn-motoaren en elektryske gemalen.Fan de measte molens wie de boer eigener of hierder en hie de plicht om te meallen, hy hie in saneamde molekrite. Yn it plak fan ien of mear molens is letter de polder kommen. De boer/eigener fan de mole waard dêrby ferfongen troch in polder mienskip, dêr’t alle eigeners fan it polderlân yn opnommen wiene. De besteande molens waarden ôfbrutsen en ferfongen troch in grutte mole, in wynmole of in gemaaltsje, dêr’t mealjild foar betelle waard. Ferskate partikuliere polders, al of net kombinearre, binne yn de rin fan de jierren omset yn boezem wetterskippen, oprjochte troch de Provinsjale Staten op fersyk fan belanghawwenden. De boeren út it gea, dy’t der earder sels noed foar stean moasten, ha it behear oerdroegen oan dizze bestjoerlike ienheid.Troch de ruilferkaveling binne nije gemalen setten, besteande fernijd en guon ferfallen. It Wetterskip hat neist it regeljen fan de wetterstân ek it ûnderhâld fan diken en kaden dy’t Fryslân beskermje tsjin it wetter fan de Waddensee en it Iselmar. It ûnderhâld fan de wegen is yn 1993 oerdroegen oan de gemeenten.
Hartwert hie fan 1993 oant 2004 mei it Wetterskip “It Marnelân/Middelseekrite” te dwaan, mei as kantoar yn Boalsert. Yn 2004 binne de lêste 5 wetterskippen opgien yn it Wetterskip Fryslân.

It heechste orgaan fan it Wetterskip Fryslân is it Algemien bestjoer dat om de 4 jier koazen wurdt troch de ynwenners fan de gebieden dy’t it wetterskip behearst. Dêrneist is der noch in deistich bestjoer. De beide bestjoeren wurdt foarsitten troch de beneamde Dijkgraaf. It kantoar fan it Wetterskip stiet yn Ljouwert.

De taken fan it Wetterskip binne û.o: Handhaving fan it wetterpeil troch poldermolens, gemalen en slúzen. Feilichheit troch diken, kaden, oevers, slúzen en gemalen te ûnderhâlden. Skjin wetter troch wettersúverings-ynstalaasjes.
De molens yn de omkriten fan Hartwert.
Rûnom Hartwert ha in protte molens stien, want eltse boer hie hast wol, foardat de boezemkriten ûnstiene, in eigen mole yn gebrûk. Meije Teernstra hat hjir in listke fan makke. Wy komme op 16 molens yn 1940.

Type Mole: Doetiids eigendom fan:
- Achtkante spinnekop bruorren Knol
- Amerikaanske wynmotor Bruinsma letter Abma
- Amerikaanske wynmotor Hettinga
- Spinnekop Hoekstra
- Spinnekop Scheltinga
- Spinnekop Hiemstra (Bargepels)
- Spinnekop de Boer (Ruerderpypke)
- Spinnekop ( letter Amerikaanske wynmotor) Wiersma
- Achtkante spinnekop ( mei reiten tek) Couperus
- Achtkante spinnekop ( mei reiten tek) Kramer
- Spinnekop ( mei dakpannen) letter wynmotor Huitema/Breeuwsma
- Achtkante spinnekop Teernstra
- Spinnekop Boersma
- Spinnekop letter yn wynmotor Bruinsma/W. de Boer
- Spinnekop Bouma
- Spinnekop Boschma
Hjoed-de-dei sjogge wy hjir noch ien mole yn it fjild stean en dat is de Oegekleaster mole fan eartiids de bruorren Knol. Dizze mole is no yn eigendom fan “Stichting de Fryske Mole” en waard lange tiid bemealt troch Meije Teernstra út Boalsert.
Yn it Aldekleaster stiet noch in Amerikaanske wynmotor eartiids fan Cath. Breeuwsma. Dizze is opknapt mar net mear ynwurking.
De Oegekleaster mole.
Hy is ien fan de 4 spinnekopmolens yn Fryslân mei in achtkantige ûnder toer. Om foar te kommen dat de mole by swiere stoarm opwaait, is it ûnderhûs ferswierd mei inkele keien.
Bouwjier: rûnom 1830
Kenmerken: spinnekop mei achtkantige ûnderset en kap fan hout op stiennen ûndergrûn.
Funksje: poldermole.
Lokaasje: gemeente Súd-West Fryslân. Burchwert seksje A nr 394. By Hartwert Kleasterwei 5 oan de Hartwerter feart.
Flecht: 9.11 meter.
Eigener: Stifting de Fryske Mole

De Oegekleaster mole bemealde oant 1989 de polder Hartwert-West ( eartiids polder Knol) op wynkrêft. De polder is 90 pounsmiet grut ( 33 hectare). De eardere eigeners de bruorren Knol ûnderhâlden harren mole hiel goed op eigen rekkening. Yn it jier 1981 is de mole oerdien oan de Fer. De Hollandsche Molen en is yn 1985 restaureard. Sûnt 1989 is de eigener de Stifting de Fryske Mole. Tsjintwurdich is de lytse mole noch regelmjittich yn bedriuw, mar wol op frijwillige basis.

Yn 2006 waard de mole troch it wetterskip bestimd ta reservegemaal yn gefal fan slimme wetter oerlêst. Yn 2018 is de mole yn syn gehiel fuort helle om restaureard te wurden en sil yn 2020 werom pleatst wurde.

De Amearikaanske wynmotor yn it Aldekleaster.
De wynmotor Hartwert is rûnom 1925 boud op it plak fan in ôfbrutsen tradizjonele wynmole. De wynmotor mei 18 blêden is fan it type Record en boud troch de Gebr. Bakker fan Drylst. De mole mealt út op de âlde Kleasterfeart en hearde by de pleats it Monnikenhûs doetiids bewenne troch Huitema/Breeuwsma. De wynmotor, no it eigendom fan de Monuminten stifting Súd-West Fryslân, is in monumint.

De elektryske gemalen by Hartwert.
De molens fan Hartwert binne ferfongen troch elektryske gemalen.Yn de rin fan de 20e ieu kamen der hieltiten mear gemalen oandreaun troch in elektromotor. De gemalen ferfongen de poldermolens by it ôffieren fan it wetter. De measte molens waarden sloopt. De lytsere gemalen wiene earst gebouwstjes mar letter waarden der allinne kasten pleatst. Allegear yn eigendom en ûnderhâld by It Wetterskip Fryslân.









Yn it behearsgebiet fan it Wetterskip wurde de measte polder gemalen op ôstân oanstjoerd. De gemalen binne ynsteld op in bepaald peil en geane automatysk út en oan. De bestjoering giet fia de tillefoanlijn en it CAW compûter systeem ( Sintrale Automatyske Wetter Beheer).
Hjir en dêr binne ek stuwen pleatst, dit as doel om de wetterspegel te regeljen. Stuwen wurde pleats om it wetter langer fêst te hâlden yn heger lizzende gebieden om sa te foarkommen dat dizze gebieden ferdroegje en om legere gebieden te beskermjen tsjin oerstreamingen.

It wetterpeil is de wetterstân yn de polder en it wetter deromhinne, de boezum. Dit wurdt troch it wetterskip handhaafd. It streefpeil, farieart per gebied en wurdt mjitten troch in wetterpeilmjitter neffens NAP ( Normaal Amsterdam Peil ). Yn de simmer is it peil heger as yn de winter: simmerpeil en winterpeil.
De boeren en boargers moatte soargje dat harren sleatten eltse hjerst úthekkele wurde, om goede trochstreaming fan it wetter te behâlden. It wetterskip soarget foar it hekkeljen en baggerjen fan de haadwetterkanalen en de gemeenten foar de fearten lâns de diken. Hja besteade dit út oan ferskillende ûndernimmers.