De earste bewenning
Nei de lêste iistiid 20.000 jier lyn waard Fryslân toendragebied,
mei markes en rivierkes. It lânskip feroare gauris troch:
sniestoarmen, sânstoarmen en oerstreamingen. Yn de simmer
kamen hjir wol al wylde bisten foar sa as rendieren en poalfoksen.
Troch opwarming fan it klimaat binne de kwelders ûntstien.
De poalfoks toendra lânskip
De earste minsken wiene hjir jagers en fersamelers.
Al langer as 2000 jier ha hjir minsken west yn ús kontrijen.It
wiene earst jagers en fersamelers. Spoaren wize dat út.
Hja wiene nomaden en kamen fan de hegere sângrûnen.
Kwelderlânskip yn’t Noarden fan Fryslân
It kwelderlânskip wie foarearst gjin plak foar de minsk om te
wenjen, de sea naam en joech: it fean kaam opsetten of waard
opslokt, der kaam klaai foar yn’t plak soms lei der in laach
oerhinne. Skoften waard it waarmer dan kaam de see omheech en
ek it grûnwetter. Lege stikken strûpten der ûnder, der kamen
puollen en markes en it fean begûn him mear en mear te ûntjaan.
Soms as it wer jierren kâlder waard, dan wiek de see en kaam ek
oan de kusten it fean wer opsetten.
Op de hegere sângrûnen de Wâlden en Gaasterlân wennen de
earste boeren der binne fynsten dien fan ierdewurk, pylken,
skrabers en bonken. De boeren op de sângrûn holden fee en
hienen ek wat boulân.
Nederlân 500 jier foar kristus
Folle letter rûnom it jier 600 foar Kristus setten de boeren mei it
fee nei de fruchtbere kwelders yn it Noarden. De kolonisaasje fan
it kweldergebiet barde fansels net yn ien kear. Yn de rin fan
jierren kamen der mear groepen folkeren wenjen. Dit wiene
Germaanske stammen.
De minsken waarden boeren en vestigden harren op in fêst plak
Foar de berte fan Kristus ha se har hjir ta wenjen set op de
hegere gebieden yn it kwelderlânskip mei slinken en geulen.
De minsken kamen fan de sângrûn fan Súdeast Fryslân en Drinte.
Yn de perioade fan oerstreamingen ferhegen hja harren
nedersettingen en sa ûntstie hjir in lânskip mei Terpen.
De heegste terp fan Fryslân Heagebeintum
De tiid fan it Romeinske Ryk
Yn’t begjin fan ús jiertelling hiene de Friezen, want sa waard it
folk hjir neamd, te krijen mei de Romeinen. De grutmacht Rome
beheerske grutte dielen fan Europa. De rivier de Ryn foarme de
noardlike grins fan it machtige Romeinske Ryk.
De Friezen kamen fan de sângrûn út Súdeast Fryslân en Drinte.
Yn de perioade fan oerstreamings ferhegen hja harren
nedersettingen en sa ûntstie hjir in lânskip mei Terpen. It
kustgebiet en foaral it lettere Westergoa luts minsken oan út alle
wynstreken. Der binne spoaren fûn fan lânferhúzers ut
Noardwest-Nedersaksen yn Dútslân. Neist de jacht en it fiskjen
waarden hja boer, hâlden fee en ferbouwde it lân. It folk hjir
waarden de Friezen neamd. It folk ûnder de rivieren wiene de
Bataven.
Dit binne Romeinske munten
De Romeinen hienen kontakt mei de Friezen, diene hannel en
besochten hjir de baas te spyljen, dat is harren noait hielendal
slagge. Dat de Romeinen hjir in grutte ynfloed hienen, bewize de
fynsten fan ierdewurk, brûnzen byldsjes, munten en oare
bisûndere objekten. Fan de Romeinen learden de Friezen lêzen en
skriuwen. De Romeinen skreaunen sels oer de Friezen. Ien fan
harren fûn ús mar in raar folkje, dat libbe op terpen yn in
sompich gebiet. De Friezen moasten belesting betelje oan de
Romeinen yn de foarm fan kowehûden, doe’t hja hieltiten mear
fregen, kamen de Friezen yn opstân. Mear folkstammen kamen yn
opstân en krigen de Romeinen it dreech en wie it dien mei harren
macht hjir. Tusken 200 en 400 nei Kristus kaam de see wer
opsetten, der folge in perioade fan rein, stoarmen mei as gefolch
oerstreamingen. De terpen rekken foar in tiid ûntfolkt. De Friezen
hjir sille grif in better bestean op de hegere grûnen socht ha. Yn
dy tiid is de Middelsee ûnstien. Nei ferrin fan tiid as de see wer
rêstiger wurd en it seewetterniveau stabiliseart komme der wer
nije minsken dy’t harren te wenje sette op de ferlitten terpen. De
herbefolking fan de Fryske kwelders fynt plak yn de tiid dat der
yn hiel Europa groepen minsken ûnderweis binne, opsyk nei
bettere besteansmooglikheden.
De Middelsea is in ferwide sea-earm fan de Boarne
De terpen fan Hartwert yn de buert fan Boalsert sille ek wer
bewenne wurden wêze.
De tiid fan de Folksferhúzing
Yn 400 nei Kristus begûn de Folksferhúzing. It iene folk jage de
oare op mei fjochterijen om de baas hjir oar de greiden te wurden.
Lytse folken geane yn oare folken op of sleaten mei-inoar in bûn.
Franken en de Saksen waarden machtige folken en joegen de
Romeinen hannen fol wurk. Ek de Germaanske folken, lykas wy
ek wiene, striden mei. Hielwat Romeinske legioenen gongen
werom nei Itaalje en it Romeinske Ryk rekke yn ferfal.
Fanút it gebied fan Sleeswyk-Holstein kamen de Angelen en
Saksen opsetten nei it Westen en stieken doe oer nei Ingelân.
Fanút it Súden stieken ek groepen folken de Ryn oer. De folken
sille harren mongen hawwe en in diel is hjir delstrutsen.Hja
wurde de nije Friezen neamd. De tiid fan de folksferhúzing wie
earst wreed en wyld, de Romeinske soldaten wiene der net mear
om de saak ûnder kontrôle te hâlden. Uteinliks libben de folken
in tiid freedsaam mei-inoar en namen elkoars gewoanten oer.
Rûnom 500 wennen hjir de Friezen yn it noarden en westen, de
Franken yn it súden en de Saksen yn it easten. Mar fredich
bleau it hjir net!
Yn de tiid dat de Franken harren opdrongen
Kwelderlânskip efter de seedyk boppe yn Fryslân
It ûnstien fan Hartwert
Hartwert sil wierskynlik ûntstien wêze yn de tiid foardat de
Romeinen hjir kamen, ommers de âldste terpen lizze yn
Westergoa en Oastergoa. De earste nedersettingen wiene op heger
lizzende plakken op it flakke lân, dy’t men stadich oan ferhege.
As de see rêstich wie koe men hjir fee weidsje en it lân ferbouwe.
Terpen wiene hjir om de minsken te beskermjen tsjin it
seewetter.De besteande terpen waarden yn de rin fan tiid
fergrutte en ferhege mei meardere buorkerijen, sa ûntsteane de
terpdoarpen. Hartwert is sa ek ûntstien op in terp.Nei 1840
binne der in hiel protte terpen ôfgroeven om as lânbougrûn
ferkocht te wurden. Dat is ek bard mei de terp yn Hartwert. Ut de
terpen binne by it ôfgraven fynsten dien. Fjoerstiennen messen,
biennen redens, Germaanske diggels en Romeinskespullen fan
brûns en fierder noch in protte út de Frankyske tiid. Dizze
fynsten binne te sjen yn it Frysk Museum te Ljouwert.
De lizzing fan Hartwert.
Fryslân seach der eartiids oars út as no. De middelsea lei as in
lears troch Fryslân hinne en ferdielde it hjir yn Oastergoa en
Westergoa. Hartwert lei yn Westergoa.
Der streamden hjir en dêr slinken, sa fan de waddensea út nei
Boalsert: de Marneslink. De terpen leine faak oan sa’n slink op
in lânsferheging. Trochdat de see lân naam en earne oars wer
joech feroare it lânsskip gauris. Simmers waard it hjir bewenne,
om winters de hegere gebieten op te sykjen. It wie neatsaak om te
terpen te ferheegjen, sa ûntsteane der hieltiten mear terpkes mei
inkele buorkerijen derop. Sa binne grif ek de terpen fan Hartwert
ûntstien. Der kaam in tiid dat de terpen gauris troch
stoarmfloeden oerspield waarden en is it ûnmooglik om hjir
wenjen te bliuwen. It âlde Fryske folk ferlitte de terpen en
ferdwine nei droegere oarden.
Kwelderlânskip mei bewenning op in terp
Nei in tiid is it wer mooglik om hjir te wenjen. Nei de grutte
Folksferhúzing tusken 400 en 600 reitsje de âlde terpen wer
bewenne. In protte minsken kamen te wenjen lâns it kust gebiet
fan Seelân oant Noard-Dutsklân ta. Benammen it ynwennertal
fan de befolking yn it gebiet tusken Boalsert en Frentsjer, it
lettere Westergoa naam sterk ta. It sil hjir gunstich wenjen west
ha. Hja libben en wurken op de terpen en lânbou wie in foarnaam
middel fan bestean, mar ek ambacht en nijverheit waard
útoefene, sa as spinne en weven, ferfeardigjen fan ierdewurk,
bewurkjen fan hout, bot leer en metaal. Yn dy tiid sil de terp fan
Hartwert ek wer bewenne wurden wêze. It wie net in grutte terp
en it doarp is ek nea grut wurden. Lykas it stedsje Boalsert dat
op trije terpen grut wurden is. By Hartwert kinne wy noch inkele
nammen fan terpen dy’t bewenne waarden: Syns en Bootgum.
Westergoa tusken 300 en 400 jier nei Kristus
De komst fan it Kristendom
De Friezen ferearden harren eigen goaden, sa as de measte
Germaanske folken. Om it jier 700 binne de terpen flink ophege
en fersterke, mar ivich en altiten bliuwt de driging fan de sea.
Ek foarmje de Franken fanút it suden in bedriging, hja wreiden
harren gebiet hieltiten mear út en de komst fan it Kristendom.
It grutte Fryske Ryk ûnder kening Redboud
It Kristendom hie syn yntrede al by de Franken dien. Dêr
waarden kleasters en tsjerkjes boud. Frankyske sindelingen
kamen by de Friezen en besochten de minsken hjir te bekearen ta
it Kristendom. De terpbewenners woene der neat mei te krijen ha
en woene net brekke mei harren âlde tradysjes. Rûnom dy tiid hat
Fryslân ek keningen hân. Bekend binne de ferhalen fan kening
Aldgillis en syn soan en opfolger Redboud. De sindelingen út
Ingelân, in bekinde is Wilfryd, hawwe hjir mear kans fan slagjen,
hja koene de minsken hjir ferstean troch dat harren taal it
Angelsaksysk ferwant wie oan it Frysk fan ús foarâlders. Fan
Kening Aldgillis mocht sindeling Wilfryd hjir it Evangely preekje.
Kristen wurde mocht bêst, mar de goaden dy moasten harren
eare hâlde.
Kening Redboud.
Opfolger Kening Radboud krige it dreger, efter de freedsume
sindelingen, kamen de Franken opsetten, dy’t har al langer
bekeard hiene ta it Kristendom en al mannich folk ûntworpen hie
ûnder harren gesach. Sindeling Willibrod út Ingelân farde de
Ryn op en kaam te Utert . Yn Utert sette hy in kleaster op en
waard dêr beneamd ta bisskop yn 695. Hy moast de heidense
Friezen bekeare. Hy fernielde de heidenske hilligdommen en sette
der tsjerkjes foar yn’t plak. Kening Redboud woe it Kristendom
keare en Fryslân bewarje.
Fan Radboud mocht hij hjir net mear it Evangeelje preekje en die
doe syn beklach dêroer by de Franken. Kening Redbaud kaam yn
oarloch mei de Franken en koe net winne en ferlear in stik fan
Fryslân, ek Doarestêd en Utert. Sindeling Willibrod koe no wer yn
in part fan Fryslân preekje.
Willibrod in Ingelske sindeling syn komst yn 690
Nei de dea fan Redboud yn 719 nimme syn fyannen de Franken
de macht oer yn it Fryske lân mar ek it geloof. De sindelingen
krije fan de Franken alle romte om de heidenske Friezen te
bekearen ta it nije geloof. De hillige timpeltsjes en offerplakken
wurde fernield of skeind en dêrfoar yn’t plak komme houten
tsjerkjes op de terpen en dêr om hinne begraafplakken foar de
deaden, want kremearje mei net mear. De Friezen moatte earst
net folle ha fan dy oare gewoanten.
Bonifatius ek in sindeling dy’t hjir as jongeling in skoft yn
Fryslân om slein hat, rommet heidenske hillichdommen op en
boude der houten tsjerkjes foar yn’t plak, foardat er nei Dútsklân
ôfreizget. Letter, as âldman, komt er noch in kear werom, noch
ien kear wol er preekje yn it Fryske terpelân. Noch lang net alle
Friezen wiene bekeard ta it nije geloof en wiene de fernielingen fan
harren hillichdommen net fergetten. Wraak bliuwt net út!
Bonifatius farde mei in groep geastliken en helpers fan terp nei
terp. As Bonifatius yn 754 by Dokkum in tintekamp opslein hat,
komt it ta in útbarsting, se wurde troch in grutte kliber heidenen
út de buert oerfallen en it hiele selskip, ek Bonifatius, wurde
ombrocht. Hy wurdt begroeven yn it kleaster Fulda yn Hessen
(Dútsl)
Stânbyld fan Bonifatius yn Fulda
De Friezen hawwe mei de moard op Bonifatius it kristlik
leauwen net keare kinnen. Bonifatius wurdt in martler en syn
wrede dea krijt grutte gefolgen. Dokkum wurdt it sintrum fan
sindelinge wurk. De Fryske sindeling Liudgur, soan fan it Fryske
ealman, wie in leerling fan de kleasterskoalle te Utert. Hy gong
tusken 778 en 784 nei it Fryske noorden om dêr it Evangeelje te
bringen. Yn it jier 800 is Fryslân sa goed as kristen wurden.
Liudger genêsde de bline sjonger Bernlef
Hannelsterpen en Hannel
De Friezen yn it terpenlân wiene goed thús op it wetter. Se
moasten wol. Tusken de terpen leinen earst noch gjin lânwegen.
Hast alle ferfoer gong oer it wetter, oer de rivieren en de see.
Yn de Romeinske tiid diene hja hannel mei de Romeinen. De
Romeinen hiene wol wegen oan lein yn it gebied ûnder de rivier
de Ryn, mar yn it kweldergebied wie dat noch net mooglik.
Buorkerij op de terp yn de Romeinske tiid
Doe’t de Romeinen der net wer wienen, sochten se oare gebieden
op om hannel mei te driuwen. Fanôf 500 nimt de befolkingsgroei
hjir ta yn it gebied tusken Frentsjer en Boalsert, it lettere
Westergoa, ûntwikkeld sich ta in wolfearende streek.
Fryslân tusken 400 en 600 Fryslân tusken 600 en 800
Oer de Ryn koene hja in moai ein it lân yn farre, nei it Ryn en
Moezelgebied yn Dútsklân. Dêr’t de Ryn him splitst yn twa
earmen, ûnstie in hannelsintrum fan belang: Doarestêd. Dy stêd
waard in útfalbasis foar de Fryske skippers en keaplju. Mar men
gong net allinne it binnenlân yn, se befarden ek de kust lâns nei
Ingelân, Denemarken en Sweden.
Ut it terpenlân namen de skippers hûden en wollen stoffen mei.
Ut it Ryn en Moezelgebied kaam ierdewurk, glêswurk, sieraden en
wyn. Ut de lannen oan de Eastsee kamen hja mei graan en hout
werom. Wie it earst ruilhannel, letter waard der mei munten
betelle. Ek yn it terpengebied waarden munten oanmakke. Dizze
binne werom fûn yn ferskate hannelsplakken oan de Ryn en lâns
de Eastsee. Yn ús omstreken groeide Boalsert út ta in grutter
hannelsterp en bliuwden de terpen fan Hartwert lyts. Hja hiene
harren bestean yn de lânbou.
De earste skippen yn de betide Midsieuwen
Lykas de Romeinen hawwe de Franken hjir ek in protte ynfloed
hân op it libben fan de Friezen. Hja oerhearsken hjir wol, mar
lieten de Friezen harren frijheit hâlde. Wol krige de tsjerke en de
Kening mear macht.
De tiid ûnder de Franken
Yn it jier 600 besykje de Franken hjir ynfloed te krijen. It
kristendom hat by harren al syn yntrede dien. Der binne tsjerkjes
en kleasters boud. Frankyske sendelingen besykje it Evangeelje
ek ûnder de Friezen te bringen. In Frankyske kening lit al in
houten tsjerke yn Utert bouwe. It slagget harren foarearst net om
de Friezen te bekearen. Nei de dea fan Kening Redboud yn 719
nimme de Franken hjir de macht oer en bekeare te Friezen harren
ta kristen. Oan it haad fan it Frankyske Ryk stie in kening. De
ynfloed fan de Franken brochten hjir feroaringen ta yn it bestean
fan de Friezen. In strak georganisearde leefmienskip. Sawol de
kening en de tsjerke krigen hjir al mar mear macht.
Nei de kerstening krigen de tsjerkelike ynstellingen als mar mear
grûn yn harren besit. Greven en keningen steane dielen fan
harren gebied ôf om in Abdij op te rjochtsjen en sa harren te
fersekerjen fan in plak yn de himel. Abdijen wurde stichte mei
learskoallen foar de Sending. De nij bekeerde Fryske elite stelde it
oppriis om in nauwe relaasje oan te gean mei dizze abdijen. Troch
oan de abdijen te skinken, hoopten hja op in helpsume wurking
fan de gebeden fan de mountsen. Bûtenlânske abdijen krigen hjir
hielwat lânderijen yn Westergoa sa ek buorkerijen yn doarpen
rûnom Boalsert. It lân waard ferpacht oan boeren. It ûnstean fan
it Domeinenstelsel. ( leenstelsel)
It Ryk fan de Franken rûnom 800
Karel de Grote wie in machtich kening. Under him kaam it
Frankyske ryk ta syn grutte bloei. Hy wie in trochtasten man en
in flinke bestjoerder. Wy as Friezen hawwe noch altiten in
oantinken oan Karel de Grote. Dat is de Lex Frisionum , it âldste
Fryske wetboek. Hy joech opdracht om de Fryske wetten op skrift
te stellen. De Friezen hiene gjin wetboek. Har rjochters koene de
wetten út de holle en sprieken sa rjocht. Ut it âlde wetboek witte
wy hoe it doe hjir om ta gong. Der wiene fjouwer soarten fan
minsken: ealju, frijen,hearrigen en slaven.
Karel de Grote kening fan it Frankyske ryk fan 771 oant 814
Karel de Grote ferdielde syn ryk yn Goaën ( provinsjes) hjir yn ús
Fryslân Westergoa, Eastergoa en Sudergoa neamd. Oer sa’n goa
kaam in haad te stean, meastal in ealman út eigen kriten, dy’t
bekend wie mei de gewoanten fan it folk. Dy ealman krige de titel
as Graaf of Hertoch. De graaf moast syn gebied bestjoere folgens
de wetten fan de kening. De graaf wie de leenman en de kening de
leenheer. Starum, Boalsert, Dokkum en Ljouwert waarden
offisjele hannelsplakken en wiene wichtich foar harren neiste
omjouwing. Yn dy tiid gongen de Hartwerters foar hannel nei
Boalsert. Nei 900 rakke it Frankyske Ryk yn ferfal en waard
Fryslân in diel fan it Dútske Ryk.
Ynfallen fan de Noormannen.
Soe de boeremienskip fan Hartwert ek lest hân hawwe fan de
plundertochten fan de Noormannen? De vikingen sa’t se ek wol
neamd waarden wiene net allinne plunderjende krigers, hja wiene
ûntdekkingsreizigers, kolonisten, ambachtsliden, hannelslieden
en foaral goede skipsbouwers.
Omt it gebied wer’t hja wei kamen te kampen hie mei romte
gebrek en te min iten, sochten hja it wolfearende súden op.
De tochten fan de Vikingen
It wiene meast de Deenske vikingen dy’t hjir oan wâl kamen.
Hja faarden mei harren skippen lâns de kusten fan Ingelân en
Skotlân. Trokken de Ryn op en besochten Doarestêd. Hja kamen
earst yn lytse groepen en diene hannel. Inkelen bliuwden hjir en
bewurken it lân en trouden mei in famke út de buert.
De noormannen komme deroan
Mar dan komme der hieltiten mear Vikingnen ús wetteren binnen
faren en begjinne hjir te plunderjen, fernielen en te moardsjen.
Tsjin de goed bewapene Noormannen koene hja net op. Harren
vee, graan, silver, ja, soms waarden hun froulje en bern as slaven
meinommen nei de skippen, ek Hartwertsters?
Ja it folk op it plattelân en yn de stêden ha in protte te leijen hant
fan de plundertochten. Doarestêd waard fernield en leech
plundere. Doe’t de Franken kustwachten ynstelden, skippen
bouden en in leger ynsette, fermindere de ynfallen.
Om it jier 1000 rûn it mei de Noormannentochten nei de ein.
Dat kaam trochdat, stadichoan yn lytse rûnten greven en
hartoggen en biskoppen it folk en it ryk begûnen te organisearjen:
it lienenstelsel begûn te kommen. It kristendom hie ek syn
yntrede by de Noormannen dien.
West Europa rûnom it jier 1000.
As de bewenners fan Hartwert ek lêst hân hawwe fan de vikingen
sille wy noait te witten komme, want der waard neat opskreaun.
Fan de jierren nei it jier 1000 komme wy folle mear te witten.
Dat is de tiid dat hjir tsjerken en kleasters boud wurde, diken
oanlein wurde. De Middelsee stadich oan ticht slipt en de
súdersee ûntstiet. De striid tsjin it wetter en frjemde folken sil
jierren bestean bliuwe. Yn de lette midsieuwen sil Hartwert
namme krije. By it doarp binne yn 1100 twa kleasters boud:
Blomkamp en Oegekleaster. De kleasters hearden net by
Hartwert, want faak krige in kleaster de status fan doarp.
Polders en diken rûnom Hartwert.
De oanliz fan polders en diken begûn tusken de jierren 900 en
- De mountsen, dy’t hjir yn 1100 kamen, binne der mei
útein set. Hja stiften hjir yn 1191 it kleaster Blomkamp tichte by
Hartwert. De mountsen ha in protte oan it lânsskip dien, hja
bewurken it lân en leine der diken omhinne om it tsjin
oerstreamings te behoedzjen. Sa ûntstiene de earste polders. Yn
1100 is de Middelseedyk tusken Hartwert en de Kliuw oanlein en
de Ridderdyk fan Hartwert nei de Trijediken, dêr’t er oansleat by
de Broeredyk nei Boalsert. De Kleasterwei tusken Hartwert en
Burchwert is ien fan de âldste diken hjir yn de omkriten. Ek
waarden der fearten groeven, de Kleasterfeart wie ien fan de
earsten. De Kleasterfeart begjind by de Hidaarderfeart en slút by
Boalsert oan op de Ljouwerterfeart. Fanút it kleaster Blomkamp
hiene de mountsen belang by in goede ferbining nei Boalsert ta.
Want bûten it lân wie it ferfier oer wetter ek tige wichtich. Sa
waard de kleasterfeart al yn it jier 1402 neamd. It Ruerderpiipke by Hartwert
Yn de 13e ieu is de Middelsee ticht slipt. Soks bestjutte net, dat
de striid tsjin it wetter oer wie. Ommers it ûntstien fan de
Sudersee en it fûle reinen soarge noch foar gâns oerlêst. It wetter
moast werom nei see streame kinne. Der waarden mear fearten
groeven en dammen oanlein. By Makkum kaam in slûs (1420-
1430). Der kamen silen, hjir Ruerderpypke , mar ek dûkers en
pompen. Trochdat de lju it oer it ûnderhâld fan de diken net iens
wurde koene, waarden de diken ferwaarleaze, sadat der faak
trochbraken ûntstiene.
De âldste polders fan Westergoa binne dy fan Hartwert-Wytmarsum, de
Eastereinerpolder, de polder fan Tsjom West en de Winaamerpolder.
Op dizze kaart as roze ynkleurt.
It oantal stoarmfloeden hawwe in protte fernielings oanrjochte.
Yn de boeken wurde neamd: dy fan de Allerheiligen yn 1170, de
Sint-Nicolaasvloed yn 1196, de Sint-Marcellesvloed yn 1219. By
dyk troch braken binne stikken lân fuort spielt, sa is yn it
midden fan Nederlân in binnensee, de Súdersee, ûntstien, mei in
iepen ferbining nei de Noardsee en de Wadden ta.
Om it gefaar fan trochbraken better tsjin te gean, ûnsteane
gruttere samenwurkings ferbûnen.
De tiid fan de Kleasters.
Fryslân wie yn de lette midsieuwen in kleasterlân by útstek. Op
in stuit wiene der wol fyftich kleasters. Se wiene yn it earste plak
belangryk foar it geloof. Mar se wienen ek hiel ryk en in soad
fernijingen kamen fia de kleasters Fryslân binnen. It âldste
kleaster yn Fryslân wie festige op Amelân: Benedictijnenkleaster
te Foswerd en te Starum it Odulphuskleaster. Beide oan it ein fan
de 9e ieu. De earste kleasters waarden stichten troch mountsen
om útens. It startpunt fan de kleasterstiid yn it Westlauwers
Fryslân ( Provinsje Fryslân) wie doe’t it kapittel fan Starum
omfoarme waard yn 1132 ta Benedictijnse abdij. De meeste
kleasters dy’t dernei folgden wiene fan de bekendste oarders yn
Europa: Benedictijnen, Augustijners, Cisterciensers en
Premostraten. Letter folge troch Franciscanen en Dominicanen.
De bloeitiid fan de Fryske kleasters falt yn de 12e en 13e de ieu. Tekening fan it kleaster Lidlum
Ora en labora ( bid en wurkje) wie de taak fan de mountsen en de
nonnen yn it kleaster. Wa’t yn it kleaster woe moasten harren oan
strikte rigels hâlde. Sommige waarden dwongen it kleaster yn te
gean, mar ek in protte keazen frijwillig foar it libben binnen de
kleastermuorren. Foar de Fryske adel wie it hiel gewoan om lân
en besittings wei te jaan oan in kleaster, derfoar yn’t plak bidden
de kleasterlingen foar harren sieleheil. Kleasters krigen oansjen
en it tal kleasterlingen wûn dan ek hurd oan, manlju likegoed as
froulju. Sa waarden sommige kleasters te lyts en waard in nij
kleaster boud op in oar plak. Froulju en manlju letter yn aparte
kleasters. Hjir troch wreide de besittingen fan de kleasters als
mar mear út. Foar de mienskip waarden tsjerken boud.
It libben yn it kleaster wie net maklik. Bûten de oeren dat men
gearkomme moast om yn de kapel te bidden, moast der hurd
wurke wurde. Lânoanmeitsje, seediken oanlizze, fearten grave,
akkers bebouwe, fee ferweidsje en fersoargje. De mountsen wisten
hoe’t hja fan klaai stiennen bakke koenen, de kleastermop, sa
waarden de gebouwen en tsjerken mei readestien opboud. Fragmint út in moai fersierd bibelboek út de 13e ieu.
Yn it kleaster hie men neist in kapel en tsjerke ek oare gebouwen:
in bibliotheek, skriuwseal, brouhûs, bakhûs, molkhûs, bûthús,
graanmole, in kappittelhûs dêr’t de abt syn gasten ûntfong,
sliepromte foar de mountsen, in reefter dêr’t iten waard. De
mountsen mochten net sûnder tastemming de poarte út. Dochs
waarden der wol fiere reizen makke, foaral nei oare kleasters.
Gauris kaam men thús mei nije boeken en hiene wer nije ideeën
op dien oer it lânbewurkjen, seewetter keare, krûden foar
allerhande sykten en kwalen, of nij ark om mei te arbeidsjen. Wurkje op it lân yn de midsieuwen.
Sadwaande waarden de kleasters it plak dêr’t elkenien hinne gyng
om ried. Nergens oars waard sa goed op it fee passe as dêre,
nergens oars hie men bettere faklju, kundiger dokters, lekkerder
bier en brea. De mountsen koene alle wurk net mear ôf, hja
krigen safolle lân en fee en it berêden derfan gyng sa’n tiid hinne,
dat de tsjerketsjinsten dy’t deis hâlden wurde moasten yn de
knipe kamen. Dêrom kamen der yn de kleasters konversen,
kleasterarbeiders. Dy wiene wat frijer, hoegden harren net oan de
strange kleasterrigels te hâlden en ek net harren Hiele libben yn
it kleaster te bliuwen. De mountsen koene har har no mear mei
bidden en sjonge bepale. Sa kaam it dat der kleasters wien dêr’t
in protte folk yn tahâlde. Mariëngaarde te Hallum wol 400 man.
Tekening fan it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast
De plattelânskleaster hawwe in grutte stimpel drukt op it
maatskippelik libben. Hja wisten alles goed te organisearjen en
hiene de grutste boerebedriuwen fan dy tiid. Buorkerijen en lân
waarden ferpacht oan boeren, yn ruil dêrfoar moasten hja harren
produkten oan it kleaster leverje. Ien fan de grutste kleasters, wie
Klaarkamp fuort by Rinsumageast. Alhiel yn it lyts begûn, dijde
dat mei de tiid út ta in machtige abdij, dy’t wol 6000 pûnsmiet
( 2500 hektare) lân yn eigendom hie. Noch inkele grutte kleasters
wiene: Lidlum, Mariëakker en Blomkamp. Abten fan de grutte
kleasters wiene lju mei oansjen. Fakentiids sieten se yn it
lânsregear en hiene dêr gans in stim. Der moast yn de frjemde
foar de belangen fan Fryslân opkommen wurde, wa koe dat better
dwaan as de gelearde abten. De measte kleasters hiene ek in grut
oandiel yn de sielesoarch bûten it kleaster. De parochietsjerken
waarden bestjinne troch in pastoar of lekebroeder oansteld troch
de abt. Polityk oerlis tusken haadlingen en geestliken yn de 15e ieu
Yn de tiid fan de kleasters wie it ek net altiten frede en de abten
en mountsen hâlden harren ek net altiten alinne dwaande mei
bidden en sjongen. Tusken 1350 en 1500 fochten de haadlingen
( edelen yn dy tiid) de iene fete nei de oare út. Omdat yn de
kleasters in soad famylje te finen wie fan dy haadlingen, kaam it
ek regeldwei foar dat de mountsen har mei de striid bemuoiden.
Troch wanbehear en sykten ( de pest) rakke it kleasterlibben yn
ferfal, mei wer in oplibbing yn de 15e
ieu. Der waard roppen om
herfoarming binnen de kleasters, der waarden maatregels
nommen troch de kleasterrigels oan te skerpjen.
Yn de 16e ieu kaam der in ein oan de kleasterlibben. It wie de tiid
fan Reformaasje, de herfoarming. Ek hjir yn Fryslân makken de
kalvinisten in ein oan alles wat roomske wie. En dus ek de
kleasters. De mountsen en de nonnen moasten fuort en de
prachtige gebouwen waarden hast allegear sloopt nei 1580. De
grutte kleastermoppen fynst soms werom yn de âlde pleatsen, dy’t
der foar yn’t plak kommen binne. Allinnich yn Ljouwert en
Boalsert binne noch âlde kleastertsjerken te finen.
Jacobijner tsjerke yn Ljouwert Broere tsjerke te Boalsert
Yn de kleasterstiid binne der ek twa kleasters by Hartwert boud:
Blomkamp of Aldekleaster en Oegekleaster.
De kleasters sille in grutte ynfloed hân hawwe op it libben fan de
boeren en boargers fan Hartwert tusken 1191 en 1580. Hartwert
wie yn de midsieuwen in geastlik sintrum en dêr troch ek in plak
mei politike bestjoerlike bestjutting. Dit hie Hartwert fansels te
danken oan de beide kleasters. Yn in oar haadstik mear oer dizze
twa kleasters.
De namme Hartwert
De namme Hartwert komt yn de 13e ieu foar as Hertwarth. Yn it
boek “gearkunde fan Wûnseradiel” wurdt de folgende ferklearing
jûn: It wurd “hert” komt fan herth, hurd, hûs en men tinkt hjirby
oan in wenstee. It wurd “wert” wie fan âlds: fan wetter bespielt
lân, dat efkes heger leit as it wetter gewoanwei rikt. Fan
oarsprong sil in natuerlike hichte “wert” hjitten ha en letter oan
terpen ferbûn wêze. Men fynt “wert” nammen dan ek praktysk
allinnich yn ‘e klaaihoeke.
Hartwert yn de Atlas fan Schotanus út 1718
De Fryske Frijheid
Hjirmei wurdt bedoeld de perioade tusken 1250 en 1500. Friezen
wiene in frijheidsleavjend folk en lieten harren de wet net
foarskriuwe troch de keizer en syn greven. De bewenners
bestjoerden it sels. De provinsje wie opdielt yn goaën: Westergoa,
Eastergoa en de Sânwâlden. Westergoa kriget in pear distrikten,
ien derfan is Wildinghe, dat is de âlde namme fan Wûnsradiel.
De distrikten hawwe harren grytmannen, dizzen komme gauris
byien te Hartwert om dêr rjocht te sprekken en wrâldse saken te
behanneljen. Yn dy tiid komme ek de nammen fan de doarpen
foar it earst foar op de parochy-list fan Westergoa. De Fryske
Frijheid waard gauris bedrige, troch it ûntbrekken fan in krêftige
lânshear is der gjin sintraal bestjoer. In gemis foar de wetjouwing
en rjochtspraak. Fan bûtenút waard besocht om hjir de baas te
wurden. De greve fan Hollân easke erkenning as hear fan Fryslân,
mar waard ferneatigjend ferslein by Warns en Starum yn 1345.
Greve Willem IV wurdt deaslein en begroeven yn it kleaster
Blomkamp.
Tinkstien oan de slach by Warns
Mar ek ûntstiet der in striid om macht yn Fryslân sels. De striid
tusken Skieringers en Fetkeapers spile him foar in part ôf yn de
tiid dat de haadlingen de machtigste groep yn de maatskippij
foarmen. Haadlingen, dy’t fakentiids út aadlike famyljes
stamden, wennen op stinzen, hiene privee-legerkes en oefenen
hearskippij út oer in beheind gebiet. De skieringers fjochtsje foar
de frijheid en de fetkeapers binne foar it Hollânske gesach. Beide
partijen roppe de help yn fan frjemde hiersoldaten, der wurdt om
it hurtsje oarloch fiert, húzen plondere en ôfbaernd. No wennen
der yn Hartwert gjin haadlingen, mar ek de abten fan Blomkamp
mongen har yn de striid fan de Skier en Fet. It kleaster hie frij wat
lân yn besit en hie sa ek eigen belangen te ferdidigjen.
Yn 1498 is der in ein kommen oan de Fryske frijheid. Fryslân
komt wer ûnder it Dútske Ryk. Om’t keizer Maksimiliaan fan
Dútslân skulden hat, jout er Fryslân yn lien oan Hartoch
Albrecht fan Saksen. It is dien mei de Fryske frijheit en
tsjierderij. De druk fan it Saksyske bestjoer is swier, hja bouwe in
goed apparaat op mei nije belestingen en stringe rigels en tenei
beneamt it regear te Ljouwert de grytmannen. De Friezen wurde
ûntefreden en de Saksyske hiersoldaten: “de swarte heap”, slane
oan’t plunderjen, om’t hja hast gjin soldij mear krije. De maat is
fol, fuort mei de Saksen en Hollanners. Karel van Gelre wol
Fryslân wol frij meitsje, mar dy is ek út op de hearskippij.
Keizer Karel V (1500-1558)
Yn it jier 1524 Karel V, de Dútske keiser, hear fan Fryslân.
It reagear kaam yn Brussel en de steedhâlder te Ljouwert. Hja
lûke de macht nei harren ta en it rjocht fan de gritenij hat net
folle mear om ‘e hakken. Foar it plattelân brocht de frede
foarútgong en wolfeart. Der kaam in bloeiende hannel opsetten
foar de lannen om de Noardsee hinne. Begjin 1500 begjint it
ferset tsjin de Roomske lear opsetten: de Herfoarming. Karel V
docht syn bêst dit tij te kearen. De earste martlers falle….
Under it Spaansk bewind
Begjin 1500 begjint it ferset tsjin de Roomske lear opsetten: de
Herfoarming. De ûnfrede mei de lear of it gedraach fan guon
priesters fan de Tsjerke bestie al lang, mar it optreden fan Luther
makke dat hiel wat minsken in oare wei nei ivich heil sochten.
De sântjin provinsjes fan de Spaanse Nederlanden.
De reade streep is de steatsgrins tusken it lettere súdlik en noardlik diel.
Yn 1517 spikere de Dútske muonts Maarten Luther yn
Wittenberg 95 stellings oan de doar fan de pleatslike slotkapel.
Luther syn krityk op de katolike tsjerke, ferspraat him
wiidweidich. De ienheid yn de katolike tsjerke drige no definityf te
ferbrekken. Troch de “Ketters” te ferfolgjen besocht Karel V dat
foar te kommen. Syn steedhâlder yn Fryslân, Georg Schenck van
Toutenburg, jage op de prysters dy’t har mei “lutherij” dwaande
holden. Hja waarden berjochten troch it Hof fan Fryslân.Yn 1555
naam Kening Philips II, fan Spanje, it regear fan syn heit Karel V
hjir oer. Hy pakt it noch stringer oan, hy stjoert hjir in geastlike
kommissaris hinne, om dêr op ta te sjen dat ferfolgingen goed
útfiert wurde. De minsken hjir begjinne harren nocht te krijen fan
de Spaanske hearskippij en komme yn opstân. In protte
Geastliken, ealju en boargers flechten it lân út. Yn Hollân komme
de Geuzen opsetten. Hja binne frijheidsstriders en wurde echte
seerôvers ek Friezen slúte harren dêrby oan. Stedsjes en doarpen
oan de seekust wurde oerfallen mei as doel kleasters, tsjerken en
pastorijen te plonderjen. Faaks waard der ek yn it wylde wei rôve.
Yn dy tiid is Caspar de Robles hjir steedhâlder en yn
Wûnseradiel wurdt in dykwacht foar dei en nacht oansteld, om
frjemde soldaten te kearen. De doarpen moatte man en hynders
beskiber stelle: Hartwert en Hichtum elk twa.
By de wetterneedsramp yn 1570 komme der meer as
3000 minsken yn Fryslân en Grins om.
Yn 1570 is de Alderheljenfloed, de seediken binne troch
ûnderlinge skelen net ûnderholden en Fryslân strûpt ûnder
wetter. Caspar de Robles set de Friezen oan’t wurk, de diken
moatte ferhege en ferswierre wurde. Ein 1576 komt de omkear,
Spaanske troepen komme yn opstân tsjin harren ofsieren, om’t se
tiden gjin soldij bard hiene, hja slane oan’t plunderjen. It
Spaanske bewind begjind syn gesach hjir kwyt te reitsjen. De
roerichheid yn de tsjerke nimt ta, de Roomsken en de Kalvinisten
steane tsjin elkoar op. De Spanjoalen moatte fuort.
Yn 1577 komt steedhâlder Rennenberg yn Ljouwert, hy seit oan
de kant fan Oranje te stean en wol Fryslân by de Uny ha. Yn
1579 wurdt Fryslân ta de Uny fan Utert oannommen mei de
Prins as haad. De Uny fan Utert bestiet út de “Republyk
Noorder Nederlanden” Rennenberg giet oer nei Spaanske kant
en moat fuort, de Roomske tsjerke hat foarearst ôfdien yn Fryslân,
kleasters steane leech en wurde plondere en op lêst alhiel
ôfbrutsen. Dizze feroaringen sille in grutte ynfloed hant hawwe op
it deistich libben fan de boeren en boargers yn ús omstreken. De
kleasters by Hartwert binne ek ôfbrutsen.
Yn de Republyk der Zeven Vereningde Nederlanden
Prins Willem van Oranje en syn broer Jan wisten yn 1579 te
berikken , dat de Nederlânske gewesten harren ferienigje yn de
Uny fan Utert. De folmachten fan Wûnseradiel hiene ynstimt mei
de oanslúting, om harren gesamlik yn te setten mei it ferjeien fan
de Spanjoalen. De Roomsken en geestliken wiene der foarearst op
tsjin. Nei Rennenburg wurdt ús nije steedhâlder:Prins Willem
De Republyk der Zeven provinciën sil bestean fan 1588 en 1795.
De prins nimt in oantal maatregelen op it mêd fan lânsbestjoer,
justysje, tsjerkebestjoer en militaire saken. Hy ferpatet Fryslân yn
fjouwer kertiern: Westergoa, Eastertgoa, de Sânwâlden en de
11 Stêden. Yn de Steat krije hja like folle te sizzen.
De Republyk der Zeven provinciën: Fryslân, Hollân,Drinte (hat gjin stim),
Stêd en Ommelannen, Oerisel, Gelderlân, Utert en Seelân.
De plattelânsdistrikten waarden ferdielt yn griternijen. Hartwert
hearde ta de gritenij Wûnseradiel. Oan it haad fan de gritenij
stie de grytman. De stimrjochtigen út de gritenij- de eigners fan
de stimdragende pleatsen- keazen tenei, as der in nije grytman
nedich wie, trije persoanen, dêr’t de steedhâlder mei Deputearre
Steaten de grytman út beneamden.
Kaart fan Wûnseradiel út de atlas fan Skotanus.
It wurk fan de grytman bestie út û.o: rjocht sprekke mei help fan
syn meisitters oer dieverij, foogdijsaken, boelguod, oerdracht fan
lân of hûs, belêstingen ophelje litte, tafersjoch op de
wetterkearingen. Kontakten ûnderhâlde mei de doarpsrjochters
en it Hof fan Fryslân. De belangrykste man yn de tiid fan de
Republyk wie dus de grytman foar de mienskip. It doarp hie in
doarpsrjochter, moast der ien beneamd wurde, dan stelde de
grytman , út ek in trije tal, ien oan. Hartwert hat nea in grytman
yn syn fermidden hant. It wiene meast ealju fan foarname
geslachten, dy’t hiel wat besittings hiene en wennen op in moaie
state of stins. Yn it neiste doarpke Hichtum hawwe grytmannen
wenne op Wybrandastate. Elts doarp hie in tal stimmen út te
bringen oer wichtige saken. Hartwert hie 13 stimmen, it
Aldekleaster 5 en it Oegekleaster 5.
Wybranda State by it doarpke Hichtum
Yn de tiid fan de Rebuplyk belibbet men in tiid fan tanimmende
bloei fan hannel, wittenskip en keunsten, ek op polityk en militair
mêd naam de Republyk in foaroansteande posysje yn. Dizze
perioade wurdt de gouden ieu neamd. De VOC wurdt yn 1602
oprjochte. Ljouwert mei de resistinsje fan de Nassaus. Hylpen en
Starum binne bloeiende havenstedjes, hja farre de Eastsee stêden
op en del. De Fryske admiraliteit wurdt te Dokkum festige, letter
nei Hârns. Yn Frentsjer komt yn 1595 in universiteit, mei as
teology as wichtichste wittenskip. ( slúten yn 1811)
Universiteit te Frentsjer Fluit skip út Hylpen
Neist opkommende wolfeart en flinke groei fan de befolking,
kenne wy ek mindere tiden. Yn foaral 1700 hawwe de boeren it
swier, hja ha te leijen fan stoarmfloeden en flinke útbraken fan
fépest epedimiën. Troch de oarlogen mei Ingelân stagneart de
hannel oer see gauris. Sa bard it dat eigenierde boeren harren
hoarnlegers ( hûs en hiem) ferkochten oan de grytman en dy krijt
sa noch mear macht.
In buorkerij yn it jier 1700 yn Fryslân
De befolking wurdt ûntefreden, de grytmannen hawwe fiersten-tefolle te sizzen. De grytman koe der op rekkenje, dat hy as ealman
njonken in eigenierde boer nei de Lândei ôffurdige waard. Fia de
Lândei wie it wer mooglik allerlei amten yn hannen te krijen, dy’t
macht, ynfloed en oansjen joegen, en bûten de ynkomsten út it
grytmansamt, hielwat jild opsmieten. Dat makke, dat folle
grytmannen ryk waarden. It grytmansamt waard ien fan de meast
begearde amten yn Fryslân en fansels woe men dat yn de famylje
hâlde. Soks koe slagje troch it opkeapjen fan de stimdragende
pleatsen. Men fynt dat der net genôch tocht wurdt oan de noeden
fan de gewoane burger, it belestingjild wurdt ferdien oan
prachtige stinzen fan dy grytmannen. Steedhâlder Willem IV is
net by steat hjir wat oan te dwaan, hy hat it te drok, hy wurdt
ntl.de steedhâlder oer de “Republyk der Nederlanden” Yn 1751
stjert er. Willem V wurdt yn 1766 de steedhâlder, de minsken
hoopje dat hy de ealju oanpakt, dat docht er net en de Friezen
keare har tsjin de prins. De pariotten-tiid brekt oan.De
patriotten wiene boargers dy’t opkomme woene foar it heitelân
en opstean tsjin de prins. De patriotten rjochtsje frijkorpsen
op.Mei help fan de Prusen witte de prinsgesinden de patriotten te
oermasterjen: de lêsten flechtsje. Mar sille werom komme!
De Frânske tiid
Yn it jier 1795 komme de Frânske oatriotten ús lân yn mei de
Nederlânske partriotten dy’t ús lân útflechte wiene. It regear
wurdt hjir ôfset en der wurdt in nij bestjoer foarme yn Ljouwert.
Prins Willen V spilet de wyk nei Ingelân ta.
De Bataafske Republyk fan 1795 – 1801
Hja binne no befrijd fan de prins. De staat waard steunt en
foarme nei Frânske model. Mar soene hja it better krije? It bliuwt
earmoede, it bestjoeren bliuwt itselde ( dit om’t Frankryk yn
oarloch is mei Ingelân) de seefeart leit stil en de belestingen
drukke swier. De tsjerken wurde sa neisjoen, dat de tsjerke fan
Skraard in pleats ferkeapje moat. Soene de boeren en boargers
yn Hartwert it wol opbringe kinnen hawwe?
It is dien mei de gewestlike selsstannigens, der komt in
Ienheitsteat, de earste Nederlânske grûnwet waard ynfiert en
alles rint oer Den Haach.
De Bataafske republyk makket yn 1806 plak foar in keningkryk.
Lodewyk Napoleon as broer fan de Franske keizer wie de nije
kening. Hy docht syn bêst, mar kin net foarkomme dat wy yn
1810 in part wurde fan Frankryk. Der komt in Frânske
bestjoers-organisaasje. De âlde gritenij Wûnseradiel waard hjir
opdielt yn fjouwer “Mairies” Tsjerkwert, Arum, Makkum en
Wytmarsum, mei as haad in ‘Maire”. De mairies hearden ta it
canton Boalsert dat diel makke út fan it arrondissement Snits.
Nederlân wie ferdielt yn departementen. De earste offisjele taal
waard Frânsk. De tjinstplicht wurdt ynfierd en de minsken
moatte in efternamme opjaan, ek is der in ynfiering fan it
Kadaster.De Frânske tiid hat ús dus net allinne ellende en
earmoede brocht.
Oankomst fan Kening Willem I op 2 desimber 1813 yn Amsterdam
Yn 1813 wurde de Frânsen ferdreaun en set Willem V wer foet
oan wâl. Hy giet de skiednis yn as de earste Kening Willem I oer
de “Noorder en Suder Nederlanden”. Der komt yn 1814 in nije
grûnwet mei de plichten en rjochten fan folk en kening. De
mairies ferdwine en de gritenijen wurde wer yn eare hersteld.
De tiid bliuwt ûnrêstich, oant no ta meie allinne minsken dy’t in
soad belesting betelje stimme.
It Keningryk fan de Nederlannen
Fryslân waard in Nederlânske provinsje, mar sûnder de
selstannichheit sa as tidens de Republyk. De âlde gritenijyndieling is wer ynfierd. De grytman hat net wer syn eardere
macht posysje werom krigen. Hy krige sûnt 1816 syn beneaming
fan de kening en is in amtner, dy’t te dwaan hie, wat Ljouwert
him hjite. Nei de Frânske tiid gyng it op en ôf mei de greidboer.
It keningryk fan de Nederlannen.
Foar it bestean fan de ynwenners fan Hartwert wie de lânbou tige
wichtich. De measten hiene dêr eartiids har berop yn. Yn in oar
haadstik hjir mear oer. It jier 1825 wie in rampjier yn febrewaris
wurdt Nederlân troffen troch in grutte wetterfloed. Yn Fryslân is
de Súd-West hoeke flink troffen, hiel wat húzen fernield en fee
ferdronken. Nei dizze ramp hat men hielwat dien oan de
ferbettering fan diken en paden. Fearten waarden útdjippe en in
better ôfwettering oanlein.
Foarhinne reizige men mei hynder en wein oer boerepaden of te
foet oer fuotpaden troch de greiden. Oer it wetter mei de
beurtskip. Winterdeis mei sterk iis op redens of de belslide.
It ûnderhâld fan de wegen en paden wie beheind ta it sljochtsjen
fan de weinspoaren. By it oanlizzen fan nije ferhurde wegen
waard faak gebrûk makke fan de al besteande griene diken,
himdiken of eardere Middelseediken. Op 1844 wie de âld
Boalserterdyk: “MacAdamwei” (sa neamd nei de útfiner fan de
methoade om stienslach te brûken) tusken Snits en Boalsert
klear. Om de kosten te dekken, gong men oer om Tol te freegjen.
By Hartwert wie dat by it húske op it Tolhek.
Yn 1830 komt der in skeiding tusken de Noorden en de Zuider
Nederlanden. België giet as selsstannich lân fierder.
Nei de Revolúsje fan 1848 kriget it folk mear ynfloed op de
regearing, de grûnwet wurdt feroare. Griternijen wurde
gemeenten en yn 1851 komt der in gemeentewet. De grytman
wurdt opfolge troch in boargemaster. Dizze waard net mear foar
syn libben beneamd mar iderkear foar in perioade fan seis jier.
Wûnseradiel kriget yn 1878 in gemeentehûs yn eigen gebiet: te
Wytmarsum ( foarhinne yn Boalsert).
Op it gebiet fan tsjerke en skoalle hat men hjir ek yn de twadde
helte fan de 19e ieu in grutte feroaring trochmakke. Foarhinne
waard it ûnderwiis fersoarge en bekostige troch de tsjerke. Fanôf
1857, doe’t de nije ûnderwiiswet der kaam, naam de gemeente it
foar in diel oer. Der waarden nije neutrale skoallen boud yn de
doarpen. Dy fan Hartwert yn 1881.
Yn 1863 krige Fryslân syn earste tram, de earste spoarferbining
yn Nederlân wie yn 1839 oanlein tusken Haarlem en Amsterdam.
Yn 1882 begjint in tram te riden tusken Snits – Boalsert – Harns.
De Hartwerters kinne op it tolhek op de tram stappen.
De spoorlijn is opheven yn 1968.
Mei de âld sik fan Boalsert nei Snits foto út 1959.
Tusken 1914 – 1918 is der de 1
e wrâldoarloch. Nederlân bliuwt
neutraal. It measte ferfier giet noch oer it wetter, mar dit feroaret
as de earste auto’s, vrachtauto’s en autobussen op de dyk komme
en sa ek de fyts. Yn 1917 krije alle manlju stimrjocht en twa jier
letter ek de froulju. De Súdersee-wet wurdt oannommen en de
Ofslútdyk is yn 1932 ree kommen. Yn 1929 brekt der in
ekonomyske krisis út en yn 1940 folget de besetting troch de
Dútsers. De 2e wrâldoarloch duorret fan 1940 – 1945. Wy
wurde hjir befrijd troch de Geallieerden. Sûnt dy tiid is der hiel
wat bard en gâns feroare. De feroarings ha ek yn Hartwert har
útwurking hân op it doarpslibben. Hiene de measten hjir harren
bestean yn de agraryske sektor, troch de mechanisaasje yn de
lânbou, moatte hja om oar wurk sykje en faaks bûten it eigen
doarp. Inkele beroppen wurde net mear útoefene, der komme
oaren foar yn’t plak.
Boerearbeider út 1930 krûdenierswinkel út 1953
Bern geane langer nei skoalle en jongelju bliuwe net mear yn de
doarpen wenjen, hja ferhúzje nei de stêd en inkele family’s
emigreare nei it bûtenlân. Nei de oarloch docht de radio en
tillefoan harren yntrede yn de gesinnen en yn de santiger jierren
komt dêr de tillefysje noch by.
De morris út 1958 De frachtauto fan Doornbos út 1939
Nei 1980 hat eltse húshâlding wol in auto ta harren beskikking
en is op fekânsje gean hiel normaal.De feroarings op it mêd fan de
elektronika is hast net by te hâlden want al gau komt dêr de
kompûter noch by. Ien ding is wol gelyk bleaun yn Hartwert, it
libbet der noch altiten rêstich mids de greiden.
Riedplachte binne foar dit skriuwen: de boeken Geakunde fan
Wûnseradiel, “De histoarie gaat door eigen dorp” fan A. Algra, Fan
Fryslâns ferline troch H. Twerda en Duizend jaar geschiedenis
van Friesland troch Pieter Terpstra. Ofbieldingen binne fan it
ynternet opsocht.
De twa kleasters by Hartwert