Hartwert wie yn ‘e Midsieuwen tige ferneamd om ‘e kleasters dy’t by it doarp boud wiene:
Blomkamp of Aldekleaster en it Oegekleaster. No kin men ek sizze dat de twa kleasters
net by Hartwert hearden, want faak krige in kleaster de status fan doarp, sa hiene Blomkamp en it Oegekleaster in eigen status; yn it jier 1949 binne beide “doarpen “ by Hartwert kommen.
It Aldekleaster
Dit kleaster waard yn 1191 stifte en yn 1192 troch de Bisskop fan Utert, Boudewijn
II op Sint Bonifatius dei yn wijdt. De stichters wiene twa prysters en in leek: Thetardus,
Hederardus en Syboldus. As berteplak fan de trije mannen wurdt Wommels neamd.
Thetardus waard de earste abt, oansteld troch Gerbrandus, abt fan Klaarkamp mei goedfinen fan de Bisskop. It kleaster hjitte Floridus Campus of te wol Blomkamp, fanwege de prachtige blommen dy’t der bloeiden.
Blomkamp waard stifte tichteby in âlde rêstslinke fan de Middelsee, dy’t tusken Hartwert
en de Kliuw ôfdamme wie. Blomkamp wie in dochter-stifting fan de abdij Claerkamp by
Rinsumageast. Nei 1233 waard Blomkamp Aldekleaster neamd. Faaks barde dat om’t der
fiederop ûnder Skearnegoutum fanút Blomkamp in nij kleaster stifte waard: Aula Dei, dat al
gau mei it “Nijekleaster” oansjutten waard. Blomkamp wie in kleaster út de oarder fan de
Cisterciënsers. Dizze oarder wie yn 1098 stifte te Citeaux by Dion yn Frankryk. Yn heech
tempo ûnstiene der yn West-Europa kleasters fan dizze Cisterciënsers of Skiere Mountsen,
lykas se yn Fryslân neamd waarden.

Dochter-kleaters wiene û.o de kleasters Blomkamp en Aduard.
De stifting fan de Cisterciënsers oarder wie in reaksje op de tastannen yn ferskate kleasters
fan dy tiid, dêr’t âlde doelstellings mar al te faak by op ‘e eftergrûn rekke wiene. De “Skiere
Mountsen” leine har yn it earste plak wer ta op in stranger tapassen fan de regels fan St
Benedictus, se leine foaral de klam op hearrigens, deemoedigens en ienfâd. Fan pracht en
praal moasten hja dan ek neat ha. It koargebed naam yn it deistich libben in wichtich plak yn en fierder hiene hja omtinken foar stúdsje en hânwurk.
Blomkamp is stifte yn de tiid dat de kleasters in bloeiperioade trochmakken. Der waard in
soad dien oan woldiedichheid en lânbou, de libbenwize wie sober. Sadwaande kamen de
kleasters yn hege eare. Hja waarden betocht mei lân en jild. De mountsen koene it wurk lang net mear oan, sa kamen de “konserven” of “likebruorren” yn it kleaster, hja moasten it
rûge wurk opknappe, lykas it lânwurk en it dykjen en somtiden ek it striidark hantearje.
Dizze likebruorren droegen wol in kleasterlik habyt mar dit wie griis fan kleur, sadwaande is de namme “skiere mountsen” ûntstien. Hja libben yn aparte romten en hoegden har net oan de stringe kleasterregels te hâlden en ek net har hiele libben yn it kleaster te bliuwen.

It kleaster Blomkamp groeide yn ‘e rin fan de earste besteansjierren út ta in geweldige abdij, dit troch it goede bestjoer fan de earste abt Thetardus, de godtsjinstige iver fan de bewenners en de beskerming fan it kleaster troch de Biskop fan Utert. Der kamen in protte mountsen op Blomkamp ta. Gie immen it kleaster yn, dan joech er al syn hawwen en hâlden wei en hope troch sa’n offer it ivige libben yn te gean.
It kleaster Blomkamp, nei 1233 Aldekleaster neamd, leit tusken twa âldere polders yn en it
brûkber meitsjen fan it oanslibbe lân waard troch de kleasterlingen útfierd. It oanslibjen fan de Middelsee joech oan mannich doarp lân oanwinst. It oanwûne lân wie ûnbrûkber as it net beskerme waard tsjin de hege floeden. De measte bewenners koene it lân net beskermje en droegen it oer oan it kleaster. De kleasters koene it wol oan mei harren likebruorren en ha gans oan’t yndykjen west.
Sa krige Aldekleaster it tsjerkebesit fan Skearnegoutum en Jorwert en ek lân yn har besit as
se har mar rêden mei de seedyk. De bewenners fan Mantgum skonken ek harren lânoan it
Aldekleaster, om’t hja de lest fan de seediken net mear drage koene. De likebruorren ha de
diken fersterke, wylst de abt mei help fan de bewenners der in tsjerke boude. Sa krigen de
kleasters al mar mear besittings en oansjen.

De abten fan Blomkamp spilen in wichtige rol op mêd fan polityk en wettersteat. De
fertsjinwurdigers fan Westergoa hiene harren gearkomsten in tiidlang te Hartwert, dit mei
om’t de posysje fan de abt fan Blomkamp nochal fernaam wie yn Fryslân, de abdij hie in
goede namme yn dit gea. Dit waard hurd minder doe’t it kleaster dielnaam oan tsjierderij. It ferfal fan de kleasters begûn yn de 14e ieu, doe’t se teistere waarden troch sykte en oarloch. De abten fan de kleasters spilen faak in wichtige rol yn it iepenbiere libben fan de
midsieuwen. Ek de abten fan Blomkamp sleaten oerienkomsten op polityk mêd; dat hie
lykwols syn skaadkanten. Hja mongen har yn de striid fan de Skieringers en de
Fetkeapers

de Jongema’s en de Sjaardema’s. ( Swobbe Lauwa )
Men moat witte dat de boarger twisten tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de 14e
ieu ûntstiene en yn de 15e ieu aloan slimmer waarden. De oarsprong fan dizze twisten lei yn it kleasterwêzen. Skieringers wiene oanhingers fan de Cisterciënser mountsen en Fetkeapers fan de Norbertijnen, dy’t fetweiders wiene. Ferskate abten kamen sels út in adelik skaai en yn de striid tusken de Fryske eallju fan de 14e en 15e ieu, barde it mar al te faak dat in abt en syn kleaster partij keazen, sadat hja sels ek yn de striid fersyld rekken. It Aldekleaster naam in wichtige posysje yn by de Skieringers. Dêr kaam noch by dat it kleaster frijwat lân yn besit hie en sa ek eigen belangen te ferdigenjen hie. De likebruorren waarden omfoarme ta in lyts leger. De saak rûn de abten wolris oer de fûst, ek mei om’t it tal likebruorren grutter waard en hja mear aardichheid krigen oan fjochtsjen as oan de geatlike saken. De iene abt wie fansels ek striidfeardiger as de oare.
Yn 1347 die it Alderkleaster in oanfal op it kleaster Vinea Domini by Penjum. In oare abt
fan Blomkamp fierde oarloch tsjin Juw Juwinga en syn Fetkeapers yn Boalsert. Yn 1380
waard der sels in slach útfochten by Arum. De mountsen fan Blomkamp tsjin dy fan
Lúntsjerk ( kleaster by Hjelbeam). Dêrby ferlearen in protte likebruorren it libben. Troch dy
fjochterij ferlear it kleaster nochal wat lân. De striid tsjin Lúntsjerk en de ealju ferrûn net al te bêst en om oarloch te beteljen sille dêrom stikken lân ferkocht wêze, wylst oare stikken yn hannen fan de fijân rekken.

Yn it jier 1345 waard de Hollânske greve Willem IV by de Slach by Warns ferslein en
fermoarde troch de Friezen. It lyk fan de greve waard begroeven yn it Aldekleaster, ek
oare fername mannen fûnen hjir har leste rêstplak. Mear as 50 jier hat it lyk yn it kleaster
begroeven lein. De Hollanners wiene net by steat om it biente op te heljen, mar it stie harren net oan dat de greve yn frjemde grûn lei. As Albrecht fan Beieren yn 1398 in tydlik súkses op de Friezen wit te beheljen, komt de kâns om it lyk út Hartwerter kleaster te heljen. It kleaster waard swier straft om’t se it lyk bewarre hiene: de Hollânske greve skonk it Oegekleaster in úthôf fan it Aldekleaster, oan de pastoar fan Boalsert; dy wie him namlik
trou bleaun.
It Alderkleaster stried tsjin de greve fan Hollân. Ek krige it kleaster yn 1413 spul mei
Boalsert, waans bewenners in likebroer fan Blomkamp fermoarde hiene. No belegeren de
likebruorren fan Blomkamp de stêd en deaden 13 boargers en namen in stikmannich oaren as gizeler mei nei it kleaster. Boalsert foel it kleaster twaris oan, mar waard ôfslein. Der wurdt oannommen dat dizze oanfallen net it wurk fan de abt wiene, want abten wiene ommers fredestifters! De likebruorren hannelen faak op eigen manneboet. As de abt fuort wie, fochten hja gauris; sa diene hja yn 1420 op eigen houtsje wer in oanfal op Lúntsjerk

der hjir ûngefear út sjoen hat.
De hiele tastân wie yn dy tiid yn de Fryske kleasters en úthoven net roaskleurich. Tucht en
oarder ûntbriek. Dit kaam foaral fan de likebruorren, dy’t mear út earmoede as ropping yn in kleaster bedarren. Hja ha de kleasters in soad skea dien mei haren rûch en striidhaftich
hâlden en dragen. Der waard dan ek om herfoarming binnen de kleasters roppen.
Yn it Aldekleaster kaam abt Dodo Feitema ( 1405-1440) dy’t maatregels naam om de
kleasterregels wer oan te skerpjen. It kleaster hie hege skulden fanwege de boarger-twisten. Dodo fermindere it tal like bruorren troch gjin nije mear oan te nimmen as der guon stoaren. Hy ferkocht en ferhierde lân om de skulden te beteljen. Sa slagge it him wer oarder yn it kleasterlibben te bringen. Wol koe, troch de fermindering fan it tal likebruorren, it kleaster net mear úthoven ( kleasterbuorkerij) sels bebuorkje. Dy waarden doe ferhierd, lykas ek mannich stik lân. De hieren waarden op ‘e tiid betelle en de rêst kearde yn it kleaster werom.
De ein fan de 15e ieu en it begjin fan de 16e ieu wiene roerige jierrenfoar de kleasters. De
striid tusken Skier en Fet wie sawat besljochte. It wiene no de útlânske soldaten dy’t hjir
it lân ûnfeilich makken. It Aldekleaster hat dêr ek bot mei te krijen hân. It kleaster foel
hieltyd wer yn oare hannen. Kriichbinden stoarmen it kleaster yn, der waarden ynfallen dien troch Saksen, Geldersken en Bourgondiërs. Der waard rôve nei herterju, grutte skea
oanbrocht, bisten waarden slachte en opiten, beammen kapt en brûkt as branje en húzen
waarden leech plondere. Petrus fan Thabor hat hjir wiidweidich oer skreaun.
Yn 1495 makke Goslic Juwingha (skieringer haadman fan Boalsert)en de Saksyske
haadman Jonker Fox mei in tal soldaten it kleaster ûnfeilich. Yn 1514 en 1515 kaam de
binde fan de Swarte Heap ( saksyske hiersoldaten) twa kear yn it kleaster om fan dêrút
Boalsert oan te fallen. Yn maaie 1517 kamen der 700 Gelderske soldaten it kleaster yn en
yn augustus dat jiers waard de abdij troch de Bourgondiërs beset, nei harren kamen wer de
Geldersken. Hja ha alles fernield en sels de poarte ôfbrutsen. Men begrypt wol dat troch dit
alles earmoede ûnstie yn it kleaster.
Nei 1523 kaam de rest werom. Mar net foarlang, want yn 1535 briek der in godstsjinst
oarloch út. Der kamen sindelingen mei in nij leauwe it lân yn. Harren lieding siet yn
Munster. It wiene de werdopers. Flak foar peaske 1535 wie ien fan de foarmannen: Jan
fan Geelen, op in gearkomste fan de werdopers yn Tsjom te sprekken. Van Geelen ( in
fanatikeling) wist de hûnderden minsken dy’t dêr op de gearkomste takommen wiene, sa oan te fieterjen, dat in kloft fan sawat 300 man him folge nei it rike Aldekleaster. Minne Simons ek in werdoper wie der poer op tsjin mar koe it net keare. Dat op peaskemoandei fan it jier 1535 like as briek foar de mountsen fan Aldekleaster de hel los. In grutte groep werdopers fan mear as 200 manlju en sa’n 100 froulju kaam fanút it noarden op it kleaster ta setten. Doe’t de binde by it kleaster oankommen wie, waard it beset. Alles wat yn harren eagen goddeleas wie, waard platslein, de mountsen sels waarden sparre as hja har mar bekearden. De mountsen wegeren lykwols en sa waarden hja it kleaster útstjoerd.
It moat foar de mountsen fan it Aldekleaster sawat de omkearde wrâld west hawwe: har
besetters wiene kristenen, allinne woene hja neat mear fan it roomske leauwe witte. Hja
wiene werdopers, hiene radikale tinkbylden oer it omfier smiten fan de maatskiplike oarder. Om’t dy oarder yn dy tiden benammen fertsjintwurdige waard troch de roomske tsjerke, rjochten harren lilkens him dan ek foaral op de tsjerken en de kleasters.

De steedhâlder fan Fryslân, Schenck van Toutenburg, krige berjocht fan de
bestoarming en ynname fan it Aldekleaster en besocht sa gau mooglik mei soldaten it kleaster te ûntsetten. Dit slagge harren earst net, de werdopers joegen har ferset net op. Schenck liet it kleaster fjouwer kear bestoarmje en besjitte, mar de sterke muorre oan de westkant joech gjin belies. Doe’t ien fan de mountsen fan it kleaster Schenck de ried joech it kanon op de noardkant fan de tsjerke te rjochtsjen, siet der samar in gat yn de kleaster-muorre. De werdopers ferdigenen harren fûl, mar se koene it net mear hâlde. Op 7 april joegen de lêsten harren oer. Der wiene sawat 100 manlju en froulju sneuvele. Schenck liet fuort-en-daliks 24 werdopers ophingje, 15 waarden ûnthalze. In 150 manlju en froulju waarden nei Ljouwert brocht, elts dy’t him of har net bekeare liet krige de deastraf, manlju ûnthalze en froulju yn in sek bun en ferdronken. Nei de skea waard alles ferholpen en it kleasterlibben koe wer fuortset wurde.
It soene roerige tiden bliuwe foar de kleasterlingen, ûnder it bewind fan de Spanjaarden koe men de herfoarming hjir noch keare, mar it soe net lang mear duorje. Sawol de Roomsken as de Protestanten krigen harren nocht fan it elkoar ôfmoardsjen en al dy hiersoldaten, dy’t de boel hjir fernielden en leech plonderen.
Yn 1572 kaam de lêste abt oan it bewâld, ntl. Thomas fan Grins, dy’t koster en pastoar te
Hartwert west hie. Dizze abt Thomas hat in Kronyk skreaun oer de besittingen yn de tiid
rûnom 1570, ek waard der in rekkenboek út dizze tiid bewarre ( 1572 – 1574 ). Lang duorre it bestjoer fan abt Thomas lykwols net en it wiene jierren fan politike ûnrêst en wapengeweld.
Op 20 augustus 1572 kamen de Geuzen ûnder lieding fan Bongha yn it kleaster, hja
fernielden alles en namen it fee mei. De bewenners fan it kleaster wiene nei Boalsert flechte en hiene sa folle mooglik saken fan wearde meinommen. Yn oktober waard it
Aldekleaster mei acht oare kleasters yn ‘e omkriten yn ‘e brân stutsen, om’t de soldaten
bang wiene dat har tsjinstanners har der yn legerje soene. Dochs koene abt Thomas en de
mountsen noch wer nei it kleaster werom gean, oant yn 1580 foargoed de ein kaam.
Fryslân gie oer nei de Reformaasje en wie it dien mei it rike Roomske libben yn ús
omkriten. De Steaten krigen alle besittingen en de oerbleaune mountsen krigen in pensjoen dat út de opbringsten fan de kleaster-besittingen betelle waard. Op 4 oktober 1580 namen de Steaten it beslút om alle kleasters ôf te brekken. It pún waaed brûkt om de diken te fersterkjen.

sathe “Monnikenhuys”.
It Oegekleaster
Noard-eastlik fan Boalsert lizze op in lytse ôfstân fan de stêd trije pleatsen, dy’t mei elkoar de namme “Ugoklooster” drage. Eartiids hat dêr yn de landerijen in kleaster stien, flak by de Hartwerter feart. Oarspronklik wie it net in selsstannich kleaster, mar in úthôf fan de grutte abdij Aldekleaster ûnder Hartwert. Om’t de kleasters harren dwaande holden mei
ûntginning en bebouwing fan de grûn, waarden der op inkele kilometers ôfstân fan de Abdij de saneamde “úthoven” stifte. Dizze úthôven waarden bewenne en bewurke troch in pear “broeders” en “paters”. Wannear’t Blomkamp it úthôf Oegekleaster stifte hat, is net bekend. Yn july 1398 komme wy de namme foar’t earst tsjin: it Aldekleaster waard straft troch greve Albrecht fan Beieren foar syn fijannige hâlding tsjin de Hollanners oer en de greve joech it Oegekleaster oan pastoar Teake fan Boalsert, dy’t him trou bleaun wie. Yn it jier 1401 sleat Albrecht frede mei de Friezen en krige it Aldekleaster syn besit werom. Letter, yn 1412 waard it Oegekleaster troch abt Dodo Feitema ( Doede Feitsma) foar 50 jier ferhierd oan de susters fan “De derde orde van de Francis-canessen”, dy’t yn Snits harren wenstee hiene. Yn 1496 waard dat kontrakt fernijd; der wurdt oannommen dat de susters dêr bleaun binne oant 1572. It is dan net mear in úthôf mar in selstannich kleaster. De susters joegen it nije kleaster de namme “Marieënpoort”.

Maklik ha de susters it net hân, it kleaster stie op in nuodlik plak, sadwaande hie it gauris te krijen mei kriichsfolk. Yn 1495 stieken de Saksyske soldaten it kleaster yn ‘e brân. Yn 1514 kaam de Swarte Heap en yn 1516 waard it kleaster nochris yn ‘e brân stutsen troch de Geldersken dy’t yn Boalsert legere wiene. Mei de Reformaasje kaam ek foar it
Oegekleaster de ein, neidat de Geuzen it yn 1572 yn ‘e brân stutsen hiene.
It kleaster hie 140 pûnsmiet lân fan it Aldekleaster yn gebrûk, mar yn de tiid fan syn bestean waard dit útwreide ta 382 pûnsmiet troch oankeap en skinking. En sa treffe wy it
Oegekleaster mear as ien kear oan yn de stikken oangeande lân-en wetterskipsaken.
It kleasterlibben
Kleasters wiene ieuwen lang it plak dêr’t dien waard oan wettenskip en kultuer. De
bewenners fan de kleasters wiene de mountsen en nonnen, mei oan it haad de Abt. De
kleasterlingen holden har dwaande mei bidden, it betjinjen fan de mis, studearjen en mei
selsûndersyk en boete. Wa’t yn it kleaster wenne, sleat him/har ôf fan de bûtenwrâld en libbe in ienfâldich en stil libben yn tsjinst fan God. De mountsen learden it skriuwen en lezen, tekenen prachtige letters en skriuwden boeken oer de bibel, oer hillige-libbens en oer it leauwe fan Romeinske en Grykske gelearden

Dan wiene der noch de likebruorren, dy wennen ek yn de kleasters, lykwols yn aparte
romten; hja hoegden gjin belofte ôf te lizzen en ek net te studearjen. Hja waarden faak ynset as der fjochte wurde moast.
Kleasters hiene faak landerijen yn har besit en lieten dy bewurkje troch de likebruorren. Ek
waard wol in diel fan de grûn ferhierd. Mei jild of mei opbringst fan it lân “yn natura” sa as
bûter, tsiis of in bist, warden de muontsen betelle. Sa kamen de kleasterlingen hieltyd mear yn kontakt mei de bûtenwrâld en krigen mei alderhanne saken te dwaan, itjinge net altyd in goede ynfloed hie op it kleasterlibben, sa’t wy al lezen kinnen hawwe.
Binnen it kleaster koe yn de tún wurke wurde, dêr’t alderhanne krûden ferboud waarden dy’t tsjin sykten brûkt waarden. Dan wiene der: de brouwerij, dêr’t eigen bier broud waard, de timmerskuorre, de smidderij, it bûthús en it sikenhûs dêr’t âldere en sike muontsen fersoarge waarden en dêr’t ek sike swervers leafdefol fersoarge waarden. By de poarte fan it kleaster wie in earmhûs: der wie dus ek omtinken foar de earmen.It kleaster hief aak ek in eigen skoalle, de bern koene dêr net allinne it lezen en skriuwen leare, mar krigen ek sjongles.

Bûten it kleaster koe op it lân wurke wurde, dat waard dien troch de likebruorren, dy’t diken oanleine om de bewenners te beskermjen tsjin oerstreamings. Hja groeven greppels, sleatten en kanalen om it oerstallige wetter ôffiere te kinnen, lykas de Kleasterfeart. Sels pipen en slúzen bouden hja.
Men sjocht dat de kleasterlingen wichtich wurk dien ha yn ús kontreien en dat wy dêr hjoedde-dei noch fan profitearje.
It Alderkleaster gebou
Yn de kronyk fan abt Thomas en oare boarnen fine wy beskriuwings en meidielings oer it
kleastergebou. Krekt witte wy alles net, wol dat de earste gebouwen ienfâdich west ha. De
kleaster-gebouwen wiene wierskynlik fan stien en de bedriuws-gebouwen fan hout. Yn 1234 wie de tsjerke klear. Dizze earste tsjerke hie gjin ferwulft, dat kaam wol yn de tsjerke dy’t yn 1312 set waard, nei’t de foarige ôfbaarnd wie. Yn 1335 waarden tagelyk mei de wijing fan abt Meilulphus twa alters wijd. De tsjerke hie in stiennen flier en krige ek inkele sitplakken. Yn 1443 is der in abthûs boud en neist de poarte in grut earmhûs.
Under abt Mattias Poortvliet (1461-1487) waard it kleaster útwreide mei in hûs foar siken,
de tsjerke waard dutsen mei dakpannen, der kamen nije sitplakken yn it auditoarium en it
kapittelhûs. It refektorium en de koken waarden fernijd en der kaam in nije klok yn de
toer. De tsjerke blykt yn 1476 ek wer fernijd te wezen en behongen mei blausiden
muorrekleden. Yn 1479 waard der in tún oanlein en in jier letter kaam der in nij sikenhûs
mei in boekerij.

Ut ferskate meidielings docht bliken dat de folgjende gebouwen der wiene: in tsjerke,
refektorium ( ytsealen), in dormitoarium ( sliepseal), in kapittelseal ( gearkomsteseal),
allegear boud om de kleastertún hinne. Neist de haadgebouwen fine wy fierder noch neamd: it abthûs, de kokens, it brouhûs, de kelders, de sike-keamers, de keamer foar gasten, de boekerij, it auditoarium ( romte dêr’t de muontsen har ûnderholden mei har superieur).
En dan noch de bedriuwsgebouwen dêr’t de likebruorren har wurk hiene: it bouhûs, it
“langhuys” ( bûthûs), de “peerdenstal”, de “hoystall” ( foar’t hea) en it “melckenhuys”. Dit
hearde allegear by it boerebedriuw. Om it kleaster terrein fine wy in muorre mei deryn de
kleasterpoarte. Neffens Abt Thomas wie der yn hiel Fryslân gjin moaier kleaster as
dit, sawol wat de bou as it plak oanbelange. Gauris moast it kleaster nei oerfallen wer
reparearre wurde, dit foaral nei de oerfal fan de werdopers. De tsjerke waard wite en de gong foar it kapittelhûs waard yn ferskate kleuren ferve. De nije sulveren abtstêf en it byld fan Marije waarden fergulde en it skilderij fan de hillige Bernardus kaam boppe it lytse alter te hingjen. Yn 1550 kaam der in tige moai oargel yn de tsjerke te stean. It wie boud troch Martinus Idsardus,in kundich oargel bouwer. Fierders waarden de sliepseallen fernijd, der kaam in stiennen treppen fan de tsjerke nei de sliepseal en it abthûs waard fernijd. In jiermannich dêrnei waarden der djoere tsjerkeornaminten kocht, neffens “Schoenen” ôfkomstich út Ingelân. De glêzenmakkers hiene in beste klant oan it Alderkleaster want hja moasten gauris glêzen stopje. Abt Thomas hie yn syn rekkenboek kosten stean oan hout, ferve, kalk, liem, meubels, gerdinen mei roeden, flierkleden en kjessens. Ien en oar frege wol grutte útjeften, mar it koe blykber noch wol lije.
De lêste abt fan it Aldekleaster Abt Thomas fan Grins hat in kronyk oer Blomkamp
skreaun, dêr’t hy yn it koart de 30 abten yn behannelt. Deskundigen ha oantoand, dat er hjir en dêr wolris mis is….. Dochs stiet der yn de kronyk in protte ynformaasje oer de skiednis fan it kleaster. Yn de stêd Boalsert binne in protte strjitnammen nei de abten neamd û.o: Dodo Feitemastrjitte, Brunostrjitte. Godscalcusstrjitte en de Ludolphusstrjitte.
Der binne ek in pear rekkenboeken bewarre bleaun út de jierren 1572 – 1574, wêrút wy in
byld krije fan it besit fan it kleaster. De buorkerijen op de Meeden, op Riuwrdzijl, Boetzum,
Syns, Vijfackeren, Monickehuys. Buorkerijen en landerijen te Hidaard, Nijlân, Burchwert
ensfh. Dr Schoengen jowt in list fan it besit fan it jier 1573.
Oegekleaster ( hearde ek ta it Aldekleaster) 140 of 150 pondemaat
Hartwert 745,5 pondemaat
Tsjalhúzum 42,0 pondemaat
Hidaard 377,5 pondemaat
Kubaard 16,0 pondemaat
Nijlân 348,0 pondemaat
Boazum 58,0 pondemaat
Wommels 476,5 pondemaat
Hichtum 5,0 pondemaat
Wirdum 194,0 pondemaat
Lollum 8,01 pondemaat
Easterlittens 24 pondemaat
Easterein 15 pondemaat
Corjum 118 pondemaat
Makkum 25 pondemaat
Lytsewierrum 94 pondemaat
Burchwert 245 pondemaat
Skearnegoutum 139 pondemaat
Totaal 3425 pondemaat
Fan al dit lân waarden hierder, pachtsom en oare bysûnderheden allegear fermelden troch de abt. De besittingen bûten Fryslân wiene doe allegear al ferlern gongen.