De tsjerke fan Hartwert datearret út de midsieuwen en hearde ta it kleaster Blomkamp. De tsjerke wie boud fan “ouden Friesche steen”mei in sealtektoer. De abt fan it kleaster hat mooglik de foarstap nommen ta de bou, dat sil nei 1195 west ha. De tsjerke waard betsjinne troch in eigen pastoar. Nei 1580 waard de tsjerke it Godshûs fan de Herfoarmen.
Yn it jier 1743 waard de tsjerke opknapt, it ynterieur waard alhiel fernijd. Der kaam sels in nije preekstoel; de âlde stie tsjin de súdlike muorre, de nije kaam tsjin de eastlike muorre. By it wer yn gebrûk nimmen fan de tsjerke waard in feest preek holden oer
1 Petrus 2:5 Zoo wordt gij ook zelven als levende
steenen gebouwd tot een geestelijk
huis, tot een heilig Priesterdom, om
om geestelijke offerranden op te
offeren, die Gode aangenaam zijn
door Jezus Christus.
Troch Ds. Colerus
Predikant Johan Leopold Emmanuël Colerus waard yn 1679 berne yn Dessauw yn it vorstendom Anbalt ( Dútsl) Hy wie fan 1735 oant 1767 de predikant fan Burchwert-Hartwert-Hichtum. Hy is yn 1767 stoarn te Burchwert 88 jier âld.
Noch gjin 30 jier letter waard de tsjerke ôfbrutsen, it is net dúdlik werom, wierskynlik waarden de kosten te heech foar de doetiids lytse mienskip. It rike kleaster wie der net mear en rike famylje’s mei jild wennen der net.

Yn de Stads en Doarpskroniek fan Ds. Wumkes lêze wy by 28 maart 1771: Sekretaris H.W. Wiarda verkoopt ten huize van kastelein Jacob Sybes te Hartwerd, de oude kerk aldaar van oude Friese steen, predikstoel, banken en leien op de kerk. De toren blijft staan. Yn it 1806 waard der fergadere oer it lot fan de toer. Wy lêze yn de kroniek hjir oer: de leden der dissentierende kerkgenootschappen te Hartwerd komen te zamen in de Oude school aldaar om zich te verklaren of zij den bouwvalligen dorpstoren willen afstaan aan de Herv. Gemeente.
Wat de útkomst fan dy fergadering wie is net bekend, mar wol dat de toer in jier letter ôfbrutsen waard.
Wy lêze by maart 1807: Te koop op het kerkhof te Hartwerd 15.000 heele oude Friese steen, 12.000 dito halve.
Ds.Geart Aeilco Wumkes berne 1869 yn de Joure is predikant, skriuwer en historikus. Skriuwer fan Stads en Dorpskroniek van Friesland 1700 – 1900.
Hjir yn steane koarte gebeurtenissen beskreaun út stêd en doarp.
Sekretaris Hans Willem Wiarda wie de sekretaris fan Wûnseradiel fan 1753 oant 1792 en wenne te Boalsert.
Foar de toer yn’t plak is op it tsjerkhôf in klokhûs kommen.
Op 21 jannewaris 1770 waard Hessel Jacobs, soan fan kastlein Jacob Sybes en Atje Hessels, noch doopt yn de Hartwerter tsjerke. Hjirnei koe der net mear troud as doopt wurden yn Hartwert, de bewenners moasten nei Burchwert, Hichtum as Boalsert ta.
It Klokhûs fan Hartwert

Op it plak wêr’t oant 1771 in tsjerke stien hat en oant 1807 noch in toer, kaam in klokhûs te stean. De foarm fan it klokhûs is wat bûtenwenstich en wurdt sa beskreaun yn de Hepkema krante:
…….Het is de vorm van een watermolen op klippen gebouwd en aan de vier hellende zijden met pannen bedekt, op de top een vierkant met galmgaten……
Der is yn de rin fan de jierren hiel wat oan it klokhûs fertimmere. Mar yn 1986 koe in grutte restauraasje net útbliuwe. It klokhûs ferkearde net mear yn goede steat, men doarst de klok net mear te lieden. Mei help fan de “Stichting Restauratie Hulpfonds Klokkenstoelen” ha de Hartwerter tsjerkfâden it foarelkoar krigen de finânsjes foar it opknappen fan it klokhûs rûn te krijen.
It klokhûs waard hielendal ôfbrutsen en opnij opboud troch “Wagenbrugge” út Snits.
De âlde 14e ieuwske klok docht gjin tsjinst mear, om’t er troch in skuor ûnbrûkber wurden is. De klok stiet no ûnder yn it klokhûs te pronk. Der is in oare klok oanskaft; dizze komt út in tsjerke yn Apeldoorn út it jier 1949.
It klokhûs docht tsjinst by begraffenissen en as der flagge wurde moat. Sûnt it jier 1995 falt it klokhûs ûnder de nij oprjochte stifting “It Hartwerter Klokhûs”. Ek it tsjerkhôf falt hjir no ûnder.
Oer it kloklieden
Eartiids waard net allinne by begraffenissen en stjergefallen de klok let, der bestie ek noch it saneamde ‘tijdluiden’. Dat waard meastentiids dien troch de timmerbaas yn’t doarp, om acht, tolve en sechtjin oere. Rûnom 1920 hie “Alde Feikje” dit op har noed.

Alde Feikje wie Feikje Stiensma-Wielsma, de frou fan Sjoerd Stiensma, doarpstimmerman te Hartwert. Feikje wie in hiel flinke frou, neist húsfrou wie hja ek noch baakster en klokliedster. Sjoerd en Feikje wennen neist it tsjerkhôf en fersoargen tegearre it kloklieden. It “tijdluiden” doe yn Hartwert woe sizze “ûngefear dy tiid”, want foaral it tiidstip fan tolve oere ferskilde fan dei ta
dei noch wolris in kertierke; mar dat wist it Hiele doarp. Hie Feikje it middeis-iten klear, dan wie dat foar har tolve oere en dan gyng hja te kloklieden. Dat bestjutte foar Sjoerd dat er daliks nei hûs gean moast foar it waarm miel. As Feikje om tolve oere oan it tou hong, Seine de bewenners dan ek net: “it is net tolve oere”, mar: “feikje hat de ierappels gear”. Feikje is rom 96 jier wurden. Timmerman Sjoerd ( 1859-1938) en syn frou Feikje ( 1857-1953)binne beide op it tsjerkhôf fan Hartwert begroeven. Hja hiene gjin bern. Yn 1970 binne de Hartwerters opholden mei dat “tijdluiden”. Mar sûnt 1997 is der wer in stikje folkloare werom kommen yn Hartwert. Op in jiergearkomste fan it doarpsbelang wurdt oppere dat de klok eins wat faker let wurde moat. Fiif doarpsbewenners fiele der wol wat foar en rjochtsje it kloklieders gilde op: “De Galm”. Sa wurdt de klok alle earste dagen fan de moanne let. Dêrneist by feesten en op spesjale dagen. Op fersyk kin der let wurde by berte’s, stjergefallen en jubilea.
