De skoalle

 

Eartiids wie it tsjerklik libben tige wichtich, ek op de skoallen. De skoalle wie ferbûn oan de tsjerke; sa ek yn Hartwert. Yn’t begjin fan 1600 hie Hartwert al in skoaltsje, dat wie op it plak wêr’t no it doarpshûs stiet. Hjir stiene yn froegere tiden inkele lytse húskes en yn ien fan dizze húskes krigen de bern fan Hartwert ûnderwiis. Dizze skoalle sil rûnom 1790 opdûkt wêze.

Yn 1881 waard der yn Hartwert wer in skoalle stifte, dit om’t de gemeente Wûnseradiel ha woe dat elk doarp in neutrale skoalle krige. Dizze skoalle waard boud oan de tsjinwurdige Ridderdyk 11. In moai skoalhûs foar de master, mei dêr efter it skoallokaal. Op de skoalle gongen in protte roomske bern. Dizze bern kamen
út grutte húshâldingen. Dat de skoalle hie in aardich oantal learlingen. Tsjin 1930 wurdt dat oantal lytser en it belied yn Wûnseradiel feroaret ek: men begjint it Kristlik ûnderwiis te stypjen. Yn Burchwert kaam yn it jier 1881 in kristlike skoalle. Dêr geane dan ek in tal Hartwerter bern hinne. De skoalle yn Hartwert wurdt yn 1931 opdûkt en moatte de bern nei Burchwert, Hidaard, Nijlân of Boalsert.
It skoalhûs wurdt ferkocht. De nije eigner wurdt Wâte Postma, dy’t der syn timmerbedriuw yn kriget.

Artikel út de Ljouwerter krante fan 14 april 1931

De earste skoalmaster oan de Hartwerter skoalle wie master Dassen, dy’t yn Skraard neat mear te dwaan hie. Hy hat hjir fan 1881 oant 1913 oan skoalle stien en waard beskôge as in bisûnder kundich man.
Syn opfolgers wiene:                     
master U. v/d Wal   1913-1917      master Schokker  1923-1930
master Wybenga      1917-1922      master Venema    1930-1931
master Stoker           1922-1923

Skoalfoto tusken 1895 en 1900.

Skoalfoto fan de skoalle fan Hartwert mei Master Dassen.
Nammen fan de bern binne net bekend. Wierskynlik bern út de folgende family’s; Bloemhof’s, Kamstra’s, Master Dassen, Knol’s, Nijdam’s, Goodyk’s,
Hiemstra’s en Wielma’s. 

     

 Skoalfoto rûnom 1900

Master Dassen mei de skoalbern út Hartwert.

De nammen fan de bern binne net bekend, mar wy kinne wol ûngefear de bern neame wa’t mooglik rûnom 1900 op de skoalle gongen.

Geertje en Teatske Kamstra, Simon en Teatske Bloemhof, Petrus en Catharina Hiemstra, Ate, Yde, Romke en Jetze Nijdam, Simon, Hendrikje en Dirk Knol, Elbrich Goodyk, Sibble v/d Werf, Sjoerd Stiensma en Doutje Schiffart.


Skoalfoto rûnom 1907

De namme fan de iene skoalmaster is net bekend, rjochts stiet Master Dassen.
Boppesterigel: Jantje Kingma, Trijntje Kingma, Catharine Hiemstra, Elbrich Goodyk, Imkje Nijdam, Dirk Knol en Petrus Hiemstra.
Middelsterigel: Willem Goodyk, Gepke Kingma, Molle Bokma, Sietske Knol, Pietje Knol, Sipje Bokma, Helena Goodyk, Jorieke Hiemstra en Pieter Nijdam.
Foarsterigel: Suzanne Hiemstra, Anna de Jong, Betje Bijdam, Ate Knol, Wiebe Knol, Jouke Bokma, Jelle Goodyk en Sjoerd Goodyk.

         

Skoalfoto rûnom 1913

Boppesterigel: Ate Smit, Rients Koopmans, Juf. Akke Nijdam, Kenau Kingma, Aaltje Kramer en Gepke Kingma. Middelsterigel: Iefke Hiemstra, Veronica Hiemstra, Sietske Knol, Lucretia Knol, Sybregje Kramer, Johannes v/d Wal, Master v/d Wal en Hielkje
Jorritsma. Understerigel: Michiel Kramer, Simon Knol, Haaije Hiemstra, Hendrikje Nijdam, Trijntje Nijdam en Wiebren Koopmans.

Skoalfoto rûnom 1922

Juffrou Gepke Nijdam en Master Stoker Boppeste rigel: Hendrik Kramer, Baukje Kramer, Rients Teernstra, Klaas Knol, Jetske Kingma, Jaring Hiemstra, Tine Kingma, Harmen Kingma en Anna Brameijer .Understerigel: Gerben Hilverda, Regina Kramer, Johannes Teernstra, Sibble Teernstra, Tjitte Hiemstra, Hidde Teernstra, Taeke Hiemstra en Pieter Brameijer..

De lêste skoalfoto fan 1930

Master Schokker giet mei pensioen.

Sittend: Jetske v/d Werf, Pietje (Petronella) Kramer, Hieke Postma, Fedde Bloemhof, Folkert v/d Werf en Kees (Cornelis) Teernsta.
Middelste rige: Wiepkje v/d Meulen, Harmen Bloemhof, Yme Teernstra, Marie Teernstra, Jeltje ? en Laas Bloemhof.
Efterste rige: Marie v/d Werf, Tine Kingma, Cathrinus v/d Werf en Johannes Teernstra.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s