It Lokaaltsje

Foarhinne hie Hartwert gjin romte wer’t de doarpsgenoaten byelkoar kamen. Moast der stimt wurde as wie der wat wichtichs te bepraten dan waard dat yn de âld skoalle fan Hartwert dien, dizze hat west yn ien fan de 4 wenten dy’t op in streekje stien hawwe efter it lokaal of yn de doarpsherberch. Der waard  tusken 1850 en 1870, in romte boud op it plak dêr’t no it lokaaltsje stiet, de saneamde “Blauwe keamers” foar routsjinsten en bibellêzings, der wie oars gjin romte foar yn it doarp.
Yn 1885 waard oan Sj. Stiensma de opdracht jûn, dizze keamers om te bouwen ta in Evangelysk lokaaltsje. It wie earst mar in beheinde romte, der wie ek net ferlet fan mear, want der wiene noch gjin ferienings. It behear fan it lokaal hearde ta oan de pastoarije-boer of oan in bewenner fan de tsjerkfâdij-húskes.
It lokaaltsje wie it eigedom fan de tsjerkfâdij fan Hartwert.
 ​

Tekening fan it lokaaltsje nei de ferbouwing fan 1916


De earste dy’t it lokaaltsje skjinhold wie in sekere J. Ykema fanôf 1894. Hjirnei folgen: Sjouke Bokma en Hendrikje fan 1902 oant 1912. Cornelis Nauta en Metsje fan 1912 oant 1921. Hein v/d Zee en Trijntje fan 1921 oant 1939. Gerrit Dykstra en Tjitske fan 1939 oant 1963. Hja krigen der in fergoeding foar.

It lokaaltsje waard gauris opknapt en ferve, mar yn 1916 folge wer in ferbouwing: der kaam mear romte. Der waard ek mear gebrûk fan it lokaaltsje makke, neist bibel lêzings waard der wolris in tsjerketsjinst holden. In pear (krekt oprjochte) ferienings sa as it Doarpsbelang (1923) en de Begraffenisferiening (1910) hiene der har jiergearkomsten. De eardere Damklub hie der har jûnen tusken 1925 en 1930. Der moast hier betelle wurde oan de Tsjerkfâdij en ferwaarming brocht de koster yn rekken by de Tsjerkfâdij.

Yn 1926 wurdt der ljocht oanlein yn it lokaaltsje. As branje wurdt turf brûkt. Der folgje noch in tal ferienings dy’t der gebrûk fan it lokaal meitsje.
De frouljusferiening anno 1936, in tillefoan kommisje fan 1937 oant 1939, de Oranjekommisje anno 1936 letter wurdt dit de feestkommisje neamd.
In sikenferpleging fan 1929 – 1954 en in Folkstúnkommisje fan 1943 oant 1952. Sa komme der mear kosten.

Yn de oarlochsjierren leit it ferieningslibben wat stil, dêrnei brûst it wer los…. Der wurdt in nije Damklub oprjochte yn 1947. De leden moatte sels turf meinimme, der is krapte. Der komt in Lêsselskip yn 1948, dizze klub bestiet inkele winters. De Kr. Lânboubûn hâld der in gearkomste en sa ek inkele jierren de “Chr.Werkliedenbond”. Om’t de romte te beheind wurden is en it lokaal oan ferbettering ta, wurdt in grutte ferbouwing tapasse troch timmerbaas Wâte Postma yn it jier 1957. By de iepening fan it ferboude lokaal is in toanielstik opfierd en nei oanlieding hjirfan wurdt yn 1958 in Toanielferiening oprjochte.

It lokaal wurdt goed brûkt, ek inkele doarpsgenoaten fiere der harren houliksjubilea. Inkelt is der in routsjinst of in kofje/theeskinkerij nei in begraffenis. Yn 1976 kriget it lokaal nochris in fikse opknapbeurt: der komt in keukentsje yn, in nije flier, W.C., in gonkje en toanielklaairomte. Utfierder fan dit alles is timmerman Murk Postma.
Underwilens ha Jan en Sijke Bouma it kosterskip op harren nommen fan 1963 oant 1980. Fanôf it jier 1980 nimt Fedde Bloemhof dit in oantal jierren oer mei help fan Chris en Lies v/d Burg. Hja dogge dat oant 1987. Dan nimme Taeke en Sijke Kooistra it fan harren oer.
Undertusken is der noch in feriening bykommen de Soos yn it jier 1975, dy’t ek regelmjittich gebrûk fan it lokaal makket mei kaart en spuljûnen.

It Terphûs nei de opknapbeurt fan 1992


Yn 1992 giet it lokaal offisjeel fan de Tsjerkfâdij oer nei Doarpsbelang, dit nei 107 jier. It lokaal wurdt no Doarpshûs.
It doarpshûs wurdt it eigendom fan it Doarpsbelang. Der wurdt in behearskommisje oansteld. Dizze kommisje bestiet útleden fan de ferienings dy’t regelmjittich gebrûk meitsje fan it gebou: de Soos, de Frouljusferiening, de Toanielferiening, de Damklub en it Doarpsbelang. Neist de behearskommisje is der in behearders-echtpear dat mei help fan frijwilligers it wurk yn it doarpshûs docht. Taeke en Sijke krije in lytse fergoeding foar har wurk dat hja dogge. De ynkomsten binne allegear foar it doarpshûs en fansels ek de ûnkosten. Der is in nij reglemint gearstald.

It doarpshûs wurdt yn 1992 ferboud en kriget in grutte opknap beurt, dy’t útfierd wurdt troch Boubedriuw Frankena mei help fan frijwilligers út eigen doarp. Finansjele stipe is der fan Greidhoeke-Noard, de Provinsje, Gemeente en noch inkele fûnsen. Yn septimber 1992 folget de offisjele wer-iepening. Efter it toaniel is in romte by boud, der binne nije toiletten kommen, sintrale ferwarming, der is in nije flier oanlein, it toaniel is opknapt, der is nij ynterieur oanskaft, der binne nije rúten en kezinen kommen, koart sein: in hiel oar oansjen, mar noch like smûk en gesellich!

It Terphûs fan binnen nei  de ferbouwing yn 1992

​De nije namme wurdt bekend makke: It Terphûs. Ynstjoerd troch Stijntje Elzinga-Kingma en útkeazen troch in spesjale namme kommisje. In feestlike dei! it Terphûs is net mear wei te tinken út it doarpke Hartwert. Want it is en bliuwt ús Kultureel Sintrum. De keatsferiening organiseart harren jierlikse slotjûn yn it Terphûs en neist de ferienings fiere ek doarpsgenoaten harren feestjes yn it Terphûs.
Yn it jier 2006 is der in nije feriening bykommen:  de Biljartklub hja hawwe yn it winterskoft harren wyklikse biljart jûn.

Nei 20 jier hâlde Taeke en Sijke op mei it behear fan it Terphûs. Yn 2007 nimme Pyt Sikma en Jantsje Abma harren taak oer.
Yn 2017 nimme Leo en Grietje Bonnema it behear fan Jantsje Abma oer en Piet Sikma bliuwt de sinteraasje dwaan.

It ynterieur nei de opknapbeurt fan 2011

​​Yn 2011 kriget it Terphûs wer in fikse opknapbeurt, dy’t no útfiert wurdt troch Boubedriuw Dykstra út Boalsert en ek wer mei tal frijwilligers út eigen doarp. De âlde koepel giet derút en der komt in nij plafon yn. It dak wurdt renofeard en de muorren opnij foege. It toaniel wurdt opknapt en fergrutte, ûnderlieding fan doarpsskilder Auke Bloemhof kriget it ynterieur in nije kleur: it plafon blau, de oarspronklike kleur fan de saneamde “blauwe keamers” fan eartiids.
Nije tafels en stuollen wurde oanskaft. Sa hopet men wer in skofke foarút te kinnen.

It sicht fanôf de terp op it Terphûs

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s